Sjit
oer in oerke
ha wy it helle
dat rêde wy noch wol, tink?
Hiene wy nea witte wollen
sûndetiid foar ús beheinde breinen
wat moasten wy mei twaensantich?
de einen komme net samar
sa sil ús foarlân wêze:
it bout op mei ferfal
al trilje ús de hannen
al krûpe fertroude nammen fuort
al strûpt ús ferline ûnder it aktuele
al ferkrampe de spieren
en krekt sa ús begryp
en steane wy al te faak bûtenspul
mar hé wy beiden fine
al skilderjend en skriuwend
op ’e nij ús wrâld út
wat seist, sille wy tegearre mar
wat fierder diele en piele
sa grapjeiend de takomst yn?
Tegearre noch in skoftsje
as in moai âld setsje
tichter nei ús ein stroffelje?
20 septimber 2024
Reactie plaatsen
Reacties