Dochs wer de dea

Gepubliceerd op 6 oktober 2024 om 20:27

Fan ’e wike hie ik Piter oer ’e flier, foar in pear bakjes kofje en wat petear oer skriuwers, resinsjes, âlde tiden ensafuorthinne. Hy hie meinommen twa boeken foar my om te besprekken, fjouwer Hispelske dichtbondels op myn bestelling en noch in fiifde as presinsje. En witst wat? De dea komt my wrachjes wer út alle hoeken en hernen temjitte. Foarearst kin ik wer efkes foarút mei mysels op ’e hichte te bringen oer myn eigen grêf.

De earste dichtbondel dat ik foar oriïntaasje trochblêde wie de nijste en al wer de achtste fan Cornelis van der Wal mei de titel de Toer. It earste gedicht hjit fan De leginde fan de hillige Regiswindis en yn ’e alderearste sin al driuwt it earme famke dea yn ’e rivier mei ‘de hannen gear en eagen ticht’. It ferhaal wol oars dat se ek noch in lokkige gesichtsútdrukking hie, mar dat sil sels foar Cornelis wol in bytsje tefolle west hawwe, want it gedicht giet dan fierder oer de ‘rûge skipper’ dy’t it famke, de dochter fan de grêf, út de Neckar opfiske hat. In oar gedicht is bygelyks De geast en de beam: ‘de geast wol graach werom nei syn heit…’. Prachtbondel. Om alle kearen wer op ’e nij te lêzen.

Dêrnei naam ik de twadde bondel ûnder hannen, Liet fan mysels fan Walt Wiltman yn in mear as treflike oersetting fan Lubbert Jan de Vries. Alderearste tekstside, tredde sin: (…) ik, no sânentritich jier âld en hielendal sûn, begjin, hoopje dat neat my tsjinhâldt oant de dea ta.’ Op dit stuit bin ik bin omtrint twa kear sa âld as dy Walt doedestiids en wat hat my persoanlik tsjinhâlden yn it libben? Tefolle. Haw ik dêr spyt fan? Nee. De skuld foar myn net dwaan sit ommers yn myn karakter en dat sit wer yn ús genen. Kear op kear is soks oertsjûgjend fêststeld yn in grut ferskaat oan twillingenûndersyk. Mar dan, op side twaenfjirtich: ‘yn de fierte komme de deaden ta libben.’ Neattsjinsteande is der dus altyd hope op dochs noch wer in nije kâns. En is dat moai of net? Foar dizze bondel sil ik de tiid nimme moatte, miskien alle dagen ien side om dizze rikens oan taal en tsjoenderskeunst fredich of tefreden te wjerkôgjen.

In ’frisse wyn troch de Fryske literatuer’ is Gabriëlle Terpstra, dy’t ek al yn it fûns sit fan Piter. Har fjirde gedicht: Memento Mori, fan har bondel Tsjintwurdich is alles better, presintearret it advys datst dy op ’en doer better net sa dwaande hâlde moatst mei in bepaalde stjerdatum, want ‘dan makkest it foar dysels allinnich mar lestich’. Mar in eintsje fierderop dizze fragen: ‘Wêrom ha jim my keazen? Om antwurd te jaan? Sitte jim krap yn de skriuwers?’ Dat docht my tinken: Kom op Jan, skriuwe jonge!

André Looijenga hat it net oer gedichten mar oer fragminten yn syn bondel Fuortsjefinne en hy wol ha, alteast ‘sa dikteart de master oan syn learlingen’, dat wy witte moatte dat de net ivige minske ‘in midden is tusken goaden en de dea.’ Stof om oer nei te tinken. Ut âlde tiden, yn âlde boeken, mei âlde goaden… en de dea bliuwt itselde. En as lêste rite (side 43): ‘…as de sinnen út ’e tiis, de harsens út / woe ik leauwe yn sok ljocht / dat in fierste gloed wat fan my opnôm.’ Sjoch, dêr kin ik in bytsje stil fan wurde, want hoe hawwe wy beiden dat tsjintwurdich mei ús skriuweraasje yn ’e marzjes fan ús bestean?

En dan kaam Piter as klapstik fan syn besite ek noch mei de nijste bondel fan Sipke de Schiffart op ’e proppen: Oan wjerskanten fan de Styx, net minder as hûnderttritich gedichten oer krekt ja de dea. Tefolle moais om hjir oan te stippen, útsein: ‘de dea jout in minske wat godliks’, út it gedicht ‘ferheven’, op side sânensechtich. Dizze bondel sil ik oer twa wike meinimme foar dy, dan kinst dy sels noch efkes de bûsen útskuorde foardatst dyn toetseboerd oan ’e wylgen hingest en dysels yn in urne stoppest.

Ik moat it beslist wol wer werom ha, foar de dea wol ik sa lang it libben duorret yn myn boekekasten mear as genôch romte hâlde.

Lomme

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.