No, as ik it dan leaver net mear oer de dea hawwe mei, dan mar oer in oare boech wat fierder sjoen. Wat betsjut tiid fan libben as wy de grinzen foarby tinke? Dizze dagen kom ik dan moai út by Louis Leroy. Sjochst him noch fytsen?
Op syn swarte Fongers mei wapperjende jas en ivich alpinomûtske, op wei nei myn middelbere skoalle oare kant it Hearrenfean, dan wol de oare kant út, troch it Wâld rjochting Ketlik nei Mildaam om dêr by moai én min waar fierder te arbeidzjen oan syn ecokatedraal oan de IJntzeleane. Op wei nei de Albertine Agnesskoalle yn it Wâld kamen wy minstens twa kear lâns syn hûs op ’e hoeke fan de Heideleane, dat wenninkje datst meidertiid fan foaren noch fan siden amper mear ûnderskiede koest tusken it beamtegrien en de selssteapele muorkes mei rûchte op manshichte. Fan syn lessen stiet my trouwens neat mear by, mar ik hie doe dan ek, oars as do, in gloeiende hekel oan tekenjen en selsekspresje. Ien kear moat ik by him yn hûs west hawwe – my stiet noch foar de geast in donkere keamer fol âld guod-, mar wat ik dêr te dwaan hie mei joast witte. Ik wit wol dat ik behoarlik ymponearre wie troch dy serieuze en strange man, dy’t al yn ús skoaltiid de reputaasje hie fan in wat wrâldfrjemde keunstner en útwrydsk natuerfanaat. Hoe sûnder grûn…
Wêr’t ik hinne wol, dizze dagen is it hûndert jier lyn dat Louis Leroy berne is. Yn it Museum Hearrenfean begjint om dizze tiid in tentoanstelling oer syn gedachtegoed, oprjochte troch syn Stichting Tijd. Jou de minske romte en tiid, wie Leroy syn libbensmotto. Oertallich boumateriaal wie foar him dêrby it symboal fan in ‘wikselwurking tusken de minske en de natuer’; it losjes mar deeglik opsteapeljen fan boumateriaal in wize ‘om floara en fauna byinoar te bringen, in proses dat minstens tûzend jier trochgean kin, sil, moat’. Dat proses is nea ôf en klear, giet troch en fierder, alles triuwt yninoar en trochinoar. Dêr kinne wy in foarbyld nimme, do en ik. Dea? Wat dea?
Sa kaam ik ek te lêzen oer It Ministearje fan de Takomst. Dat hâldt him ek dwaande mei de fraach oft wy wol goede foarâlden binne foar alle neikommende geslachten. Wat fynst dêr fan? “Wy leare katedraaltinken: wy ferlizze de fokus fan it koartetermyntinken nei langetermynperspektiven.” Se hawwe it dêrby ek oer, krekt, in perioade fan tûzend jierren.
Lit ik dan ek krekt dizze wike in boek fûn ha yn sa’n lyts buertbiblioteekje by ús om’e hoeke. It draacht de titel “1000 Years of Joys and Sorrows”, en is it libbensferhaal fan de Sjineeske keunstner AI Wei Wei. De titel fan it mânske boek komt út in gedicht fan syn heit, in ferneamde dichter: “It liket wol oft in karavaan in wei siket troch de stêd / Gerop en geraas fermingt mei it tingeljen fan kamelebeltsjes / De merken barste út har foegen krekt as doetiids / In net te kearen stream fan weinen en hynders / Mar nee – it prachtige paleis / Is ferfallen ta in ruïne / Fan tûzend jier wille en soargen / Kinst gjin spoar mear fine / Do dy’t noch libbet, libje it bêste libben datst kinst / Rekkenje net op ’e ierde om it ûnthâld te bewarjen”.
Libje wy no al of net fierder yn ’e natuer, it ienige dat noch in bytsje bestindich bliuwt? Moarn de tún mar wer winterklear meitsje.
Lomme.
Reactie plaatsen
Reacties