Sjoch, sa giet soks. Ien fan de fjouwer boeken dy’t ik fan dy krije mocht foar ús jierdei wie Stapstiennen, fan Douwe Tamminga. Do ferteldest derby datst dizze gedichtebondel kocht hiest yn in kostlik antikwariaat yn Ljouwert, trouwens ek de trije oare boeken: Ik ha’t ris hân fan Ype Poortinga, mei Jan Hepkes (Wouda) syn fetste folksferhalen; De wrâld fan Brolsma, seis nijsgjirrige essees ûnder redaksje fan Doeke Sijens, oer in ferstoarne skriuwer wa syn naam my bekend wie, mar net folle mear; en fan Abe de Vries essees, sorry essays, oer de Fryske literatuer mei de wûnderlike -mar neitiid begrypbere- titel Identiteit en kowesturten. Ik kin dy sizze, broeder, in goed essee/essay bliuwt de muoite wurdich, ek mear as fyftjin jier nei dato. Kin ik noch in soad fan opstekke.
Ditkear wol ik it lykwols inkeld ha oer dat iene boek, Stapstiennen, útjûn yn 1979. Ûndertitel: ‘In kar út eigen wurk.’ Hurde kaft mei in âlderwetsk papieren omslach. Yn dit gefal: donkerread, inkeld tekst (dat binne de moaiste), fertutearze, skeind, skuord, hjir en dêr in túfke plakbân. Sjochst it fuortdaliks: dit boek hat siel, karakter en moat withoefaak kontemplatyf konsumearre west hawwe. Binnenkant kaft sit plakt in feale krantefoto, mei ûnderskrift: “Kampleider Douwe Tamminga luidt de bel” (ws 1936, 27 jier âld): sandalen, wollene knykouzen, sorry knibbelhoazzen oant just ûnder de knibbels, koarte lange broek oant just boppe de knibbels en in hiertoefe à la Abe. Gjin pipe. Hy liedt in klok dat op skouderhichte hinget oan in houten geboutsje.
Op de side dêrneist rjochtsboppe de namme en adres fan de eigener. Wêrom skriuwst eins dyn adres yn in boek? Under rjochts twa hantekenings: in swierige D Tamminga en in fersoarge Sj. Tamminga-Piebenga, mei dêr ûnder -yn itselde skrift as de dy fan de eigener- ‘yn seal “De Grutte Wielen” f.d. Fr. Akademy to Ljouwert, gearkomste fan it F.L.M.D. t.g.f. Tamminga syn 70ste jierdei.’ Der stiet in datum by: 21-11-1979 (ien dei foar syn jierdei). Omtrint op ’e kop ôf dus fiifenfjirtich jier lyn. O ja, der sit ek noch in fotokopy yn (2A-4 siden mei nytsje), oer it libben en wurk fan Douwe Annes Tamminga en in foarbyld fan syn hânskrift, in fragmint út ‘It griene jier’. Wat in wielde.
Op side 15: Under it kopke Miniaturen (út de bondel Brandaris) stean fjouwer seisrigele gedichtsjes. By de boppeste hat de eigener mei potlead in grut krús setten:
‘Dit is ús lân, ús eigen pôle grûn.
Hjir hawwe ús memmen ús yn pine wûn.
Wat troait en lokket ús de fierte?
Wêrom wol dan de driuw it altyd weroan witte
Nei ’t efterkymske lân en binne wy as kij ferstruid,
Sleatriderich, oer alle hikken bruid?’
It ‘efterkymske lân’: bin ik dêr ek net hinne tein, in heal jier nei’t dit boek útjûn is? En in wurd as ‘sleatriderich’, dat twa betsjuttings hawwe kin, beide hjir treflik fan tapassing: ‘kij yn 'e greide dy't oanstriid hawwe om troch sleatten te wâdzjen’ en ‘komselden thús wêze’. No freegje ik dy, hasto yn it libben ek sleatriderich west, Jan? Oer alle hikken bruid, sa fan Bar de Witte nei Bar de Swarte en jûns pas let wer thús?
Op side 72 is de earste rigel ûnderstrepe fan it gedicht By ien fan ús deaden -In memoriam Johan Joseph Erich-: ‘Hurd oer dysels en tear oer oaren wiest…’ Pas op side 84 kom ik ynienen folle mear oantekenings yn potlead tsjin, nammentlik by de prachtige searje fan fjirtjin gedichten ûnder de titel In Memoriam, dy’t Tamminga skreaun hat ta neitins fan it hommels ferstjerren fan syn soan Anne doe’t dy studint wie yn Amsterdam. De fjirtjin gedichten hawwe gjin titels, wol nûmers yn Romeinske sifers. De eigener hat der sels titels byskreaun, mar ek wurden of sinnen ûnderstreke of oersetten yn it Hollânsk dan wol omskreaun yn it Frysk. ‘Syn boeken prate tsjin my fan it rim…’ Wêrom? Binne dizze gedichten miskien brûkt by in foardracht? Wie dizze persoan in kunde fan Tamminga? Hoe dan ek, dit boek praat ek tsjin my. Taast my yn myn siel. Wêrom no krekt dizze potleadstreken by dizze prachtige teksten? Wat seit dat oer de eigener fan dizze bondel, dy’t út en út leafhawwer fan geef Frysk west hawwe moat, dizze persoan dy’t fan alles witte woe en ferbannen socht, in stille en in ynbannige lêzer, faaks ien dy’t fierder socht en djipper soe? Waans namme en adres ik no wit fan ha…
It adres yn it boek mar twa strjitten fierder as dêr’t no in âld-studzjegenoat fan ús wennet; rouadvertinsjes: berne yn Wetsens, stoarn in lytse tolve jier lyn, ‘…hat op allerhande manieren de Fryske saak tsjinne…, kritysk, sekuer, mei grutte tawijing…’; boppe de famylje-advertinsje in gedicht, fan Tamminga: As de dea it skip berint / dan is der gjin ûntkommen / O wetter, o wif elemint… / De See hat jûn, hat nommen. Dit gedicht stiet net mei safolle wurden yn ’e Samle Fersen fan Tamminga, mar wol op de CD achteryn mei net bondele fersen. Docht bliken dit gedicht stiet op it fiskersmonumint fan Moddergat, net fier fan Wetsens. Op it tsjerkhôf fan Wetsens leit trouwens Rink van der Velde, - prachtige ‘grêfstien’ yn ’e foarm fan in beamstobbe-. It In memoriam Johan Joseph Erich stie yn it earste en ienige nûmer fan De Rattelwacht, ‘pinkster’ 1944. Utjûn troch Fedde Schurer, dy syn gedicht De Rattelwacht fyn ik werom yn de Samle Fersen fan Schurer: …Tel dyn ûren, tel dyn tiid / Nei de nacht fan smaad en striid / Kundiget ienris de iere moarn / Wer in oare takomst oan. Dat hat de kadâns fan in ferske, en ja hear, Jan Slofstra, heit fan Roel, hat it op muzyk set; kinst it foar ien euro keapje by it Frysk Muzyk Argyf. Sjoch, sa giet soks: lytse stapstientsjes fan it iene nei it oare yn it samar wat sykjen en finen fan losse ferbannen. Fiif stapstientsjes lizze der ek yn ús foartún, fan it foardoarspaad nei de keukensruten. Moarn mei dit moaie waar dy ruten fan bûten mar ris waskje.
Trouwens, dat gedicht De Rattelwacht komt yn dy Samle Fersen fan Fedde Schurer krekt nei it namdicht op Eeltse Boates Folkertsma (as in klokslach klinkt syn namme). Dat moat ik op syn minst ien kear brûkt ha as ynspiraasje foar in sinteklazegedicht. Mar foar wa wie dat? Mem bewarre altyd dy sinteklazegedichten fan ús. Hasto dy no?
Dy Folkertsma siet oars oan it ein fan syn libben yn it gesticht fan Frentsjer. Soa, sa binne wy wer werom kuiere, sirkelgong folbrocht.
Lomme
Reactie plaatsen
Reacties