In net sa'n ferneamde held

Gepubliceerd op 9 november 2024 om 16:12

… And what is yóur claim to fame?,’ frege Larry my ûnferwachts, wylst wy nei in gearkomste fan ús team mei de professor ûnder happy hour yn de ús fertroude bar sieten. ‘All drinks -your pick’-, foar mar ien dollar, dat wiene nochris tiden. Tiid en plak: tusken fjouwer en fiif op in waarme freedtemiddei yn maaie 1982, downtown Plattsburgh, upstate New York. Ik ferslokte my yn myn topshelf whisky: fame, ikke?

 Syn reputaasje as ien fan de populêrste professors op de State University of New York, College at Plattsburgh, wie my bekend genôch, mar foar dy dei wie ik noch net earder mei him yn ’e kunde kaam. Psychology professor Larry Shaffer wie doe al in fenomeen op ‘ús’ universiteit. De lêste twa jier joech er alle earstejiers studinten, in lytse 800 ‘freshmen’, oan it begjin fan it stúdzjejier yn in grôtfol kolleezjeseal in peptalk oer oppakke en trochsette en foaral eksellearje wolle. Altyd kaam er mei in bulte anekdotes, bygelyks dizze: Presidint John F. Kennedy hat ien fan syn stazjêrs in bepaalde opdracht jûn om út te sykjen. Nei in setsje kin de stazjêr lâns komme om te fernimmen wat Kennedy derfan fynt. Mr presidint swaait mei syn ‘paper’ en freget of dit no it bêste wie wat er fan meitsje koe. ‘Eh eh…’, stammeret de stazjêr…, it komt derop del hy sil it nochris besykje. In twadde kear komt de stazjêr by de presidint yn syn keamer en wer stiet dy mei de stazjêr syn paper yn ’e hannen: “Is this really the best you can do?’ ‘Eh eh…’ Beteutere stazjêr nimt mar wer syn wurkstik yn om foar safier mooglik it nóch better te meitsjen. Dan komt er foar de tredde kear yn ’e Oval Room en wer stiet dy Kennedy dêr mei syn paper te wapperjen. ‘Is this really, really the very best you can do?’ ‘Yes, damn it!!’ seit de frustrearre stazjêr. ‘Then I wil read it,’ seit Kennedy.

Dy speech foar de ûnwennige jongerein hat er minstens tweintich jier ûnûnderbrutsen jûn, ha ik niis begrepen, oant syn pensjonearring om 2000 hinne.

Dyselde Larry Shaffer spilet ta myn fernuvering in tige wichtige rol yn it boek No Mercy. A Journey to the Heart of the Congo, skreaun troch de Britske ‘reisskriuwer’ Redmond O’Hanlon. Dy O’Hanlon kenne wy noch fan in VPRO-programma (2009) oer de rekonstruksje fan ’e reis fan Charles Darwin op it skip de Beagle en fan de searje “O’Hanlons Helden”, in pear jier letter: in aardige eksintrike ûntdekkingsreizger, op en top in Ingelskman dy’t prachtich fertelle kin en fol (sels)humor sit. Tsjintwurdich wennet er blykber mei syn Nederlânske partner yn Almere, out of all places.

Op YouTube kinst in hiele rige filmkes fan him sjen. Sykje op syn minst dy oer Larry Shaffer ris op, gewoan beide nammen efkes yn type. Dan komst yn de searje Life Stories of Remarkable People. Remarkable people, indeed…  

Fan dat boek oer de Kongo hat Martsje de Jong yn de koroanajierren in treflike oersetting yn it Frysk makke en dat is al wer sûnt in jier as e-boek fergees te downloaden by Utjouwerij Regaad ûnder de titel In reis nei it hert fan de Kongo. Prachtboek, en wat in geweldige oersetting fan De Jong! It rint as in trein, ast inkeld de earste twa siden lêzen hast bist al ferkocht. It hiele boek is werklik suvere wille om te lêzen (it stiet ek fol mei alderhanne ôfbyldings), mar dan moatst der wol bliuwend foar iepen stean wolle, want it beskriuwt fansels in totaal oare wrâld as dy fan Ale Alema om ’e hoeke by de âlde slûswachterswenning op ’e Bontebok. 

k kom hjir op omdat dizze wike de Obe Postmapriis foar de bêste oersetting út it tiidrek 2020-2023 folslein terjochte gien is nei the one and only Willem Schoorstra fan Ternaard. Ik hoopje allinne dat dizze betûfte oersetting fan frou De Jong it de advyskommisje net echt maklik makke hat.

 No hear ik dy al freegjen wat doe yn dy kroech myn claim to fame wol net wie, mar ik ha werklik gjin flau benul wat ik dêr destiids op antwurde haw. As er my dat lykwols hjoed-de-dei freegje soe dan kin ik sizze dat it faaks dochs dy dei wie tusken fjouwer en fiif op dy waarme freedtemiddei yn myn Amerikaanske stúdzjetiid, doe’t ik samar kostlike whisky siet te drinken neist in very remarkable person.

 

Lomme

 

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.