In pear wike lang ha ik de doar net út west. De kjeld gûlde om it hûs en al gie de termometer net hiel bot ûnderút, ik koe it bûten net hurdzje of wie it noch sa. In stumper bin ik. Ik helle allinne mar sekken pelletbrokken út it hok foar de kachel, fierder bleau ik yn hûs en wie der mei gjin stok út te krijen. Dat hoegde ek net, ferdivedaasje genôch. De Olympiade, geweldich dat je soks thús foar de waarme kachel op jins deade gemak sjen kin. Sporten as heisa fan komsa. Se betinke tsjintwurdich fan alles om de telefyzjekiker mar te flijen. Op in smel plankje yn ’e snie fan ’e berch oer ’e kop, dan minstens seis kear draaie en ta einbeslút ek noch in omkearde koarketrekker springe. Gean der mar oan stean. Foar de muoite krije dy lju ek noch in protte punten en letter in blinken medalje, dêr’t se foar de kamera op kommando mei harren perfekte gebit foar it folk fan kjeldlijers thús in firile ôfdruk yn sette meie. Der binne froulju dy’t einen langlaufe, dan op skiven sjitte, dan wer fierder skieë en dan noch werris sjitte. Miskien wol op ‘e sjuery, mar nei alle wierskyn op tusken it beamkeguod ferstekte kâldklommers yn karnavalesk ferklaaid Jaeger ûnderguod. Oaren skowe nuvere dingen oer it iis, poetse it iis en skelle inoar foar rotte stokfisk út. Ik fyn it geweldich en sjoch alles. It swarte gat fan nei de Olympiade lit ik mar op my ôfkomme.
Op in middei tikket der immen op it rút fan ’e erker. Ik ha it eins net oan tiid om by it rút te sjen, boppedat by it rút is it flink kâlder, mar doch it al en dêr sit de grize ûle op de bekling fan in simmerstoel. Ik wiis nei de bykeuken, want ik wol de doar yn ’e erker net iepen ha om’t de eastenwyn sa misdiedich fûl is. Alle opboude waarmte bin ik dan yn ien kear kwyt, soks moatte wy fansels net ha.
‘Omke wol graach de shorttrackwedstriid sjen, kin dat?’ freget de grize ûle.
‘Fansels, mar earst de flerken waskje en ik wol hjir yn hûs gjin ûleballen sjen,’ prottelje ik.
‘Bêst, bêst. De kjeld wurket depressyf, leau’k,’ seit it ûltsje. ‘Jo wiene oars altyd sa freonlik en noflik as wat’.
It grize ûltsje hellet syn omke op en dy begjint ek fuortendaliks te seuren.
‘Ha se wol in skaaltsje fan dat noflike drinken by de telefyzje?’ hear ik him sizzen.
‘Tink it wol, hy is sels ek wer oan de drank.’
Kjeld hat blykber ynfloed op ’e gemoedstastân, want ik hie gjin nocht en túchje fan alles oan foar it ûlefolk.
‘Sitte en snaffel ticht, de relay fan ’e froulju is begûn,’ blaf ik.
‘Wy hoege de bek net iepen, want der streamt dochs neat yn,’ prottelet omke.
De froulju dogge it mar bêst en sa’n lyts oranje froutsje fljocht alles foarby.
‘Jaja, dit wurdt goud!!’ raast omke en wriuwt him yn ’e flerken. In bocht fierder lykwols giet it mis mei de ôflossing. Ien ûnderút en dan lizze ús froulju ynienen fier achter.
‘Goud is lead wurden,’ seit omke synysk.
Eefkes letter ynterviewe se de shortracksters oer oarsaak en gefolch. Se skrieme in bulte triennen en jammerje dat se it ferlies in plakje jaan moatte.
Omke ûle fladderet boppe de bank út.
‘Wat ha ik mist, is der immen stoarn?’ freget er.
Ik lis út dat se swier teloarsteld binne. De ferwachtingen wiene allemachtich heech en se krije mar ien kear yn ’e fjouwer jier wer sa’n kâns.
‘Sok folk moatte se mentaal better coache,’ beart omke ûle. ‘Wêr giet dit oer?’
‘Sa is it,’ seit it neefke ûle, ‘wy krije op ’t lêst ek net elke mûs yn ’e bek dy’t wy ferwachtsje meie.’
Omke ûle tinkt eefkes nei.
‘Ja, no ja, wy hienen hjir al in bekje bearenburch ferwachte, dy teloarstelling moatte wy thús yn ’e beam mar ferwurkje. En in plakje jaan.’
Jan.
Reactie plaatsen
Reacties