AI, wat fan te finen?

Gepubliceerd op 6 mei 2025 om 17:37

Fraach: hasto al ris wat makke mei de help fan AI?  Jaja, ik wit dat dit flokken yn in hillige romte is, mar it giet my no net om in bepaalde tekst of in orizjineel ferhaal. Sûnt lange tiid ha ik nammers al in freeslik goeie AI -dat bisto-, mar hjir giet it my fansels oer it skilderjen. Ik moast in model ha. Dan tinksto mei dyn keunstmjittich ferstanlike fermogens fansels fuortdaliks oan in byldmoaie frou mei net al te folle guod om it liif, mar dat is it net. Sa it is perfoarst net! Want wat wie it gefal? Ik woe in âld mantsje skilderje dy’t mei in spyltop boartet. Hy moast yn in keale keamer sitte, wat dreamerich foar him út sjen, in reade trui oan ha en troch it finster moast er yn it folle ljocht sitte. It wêrom fan myn kar foar krekt dit sfearbyld sil ik hjir net útlizze, de ynspiraasje kaam yn alle gefallen troch in bepaald keunstwurk fan in frou mei bern. Dat wie super realistysk skildere en sy wie yn har syktocht nei ûnderwerpen ynspirearre troch Käthe Kollwitz. Hiel bysûnder wurk mei aardich wat djippere lagen.

No sykje ik it persoanlik oer it generaal net sa djip. Want och, ik hoech net djip, sa folle sit der net. Mar in byld moat al wat dwaan. It moat yn alle gefallen wat oproppe, in waarmte, of in kjeld, in yrritaasje of miskien wol lilkens foar myn part. Dizze kear bin ik by krapte oan in geskikt model en gaadlik dekôr de útdaging dus mar ris oangien mei ChatGPT. Op it lêst moatte je alles ris ûndersykje, útprobearje en meimeitsje, oars kin je der net oer meiprate en der al hielendal net oer oardiele. En dan mist dus úteinlik ek de ferrassing, de fernuvering en de ferwûndering. Want allemachtich, wat in fernimstige ûntwikkeling is AI! Ik ha dan wol in technyske eftergrûn en mei alles graach beredenearje, mar AI giet myn foarstellingsfermogens fier te boppe.

ChatGPT hie ik dizze opdracht jûn: ‘Graach asjeblyft tankjewol in ôfbylding fan in âldman dy’t mei in bromtop boartet, wat dreamerich foar him útsjocht, yn in keale keamer oan in lege tafel sit en troch in inkeld rút komt it ljocht.

ChatGPT frege net hoe it mei myn ferstanlike fermogens siet en noch minder nei it wêrom en hoedatsa, mar frege allinne hokker klean de âlde keardel dan oan hawwe moast. ‘Graach asjeblyft tankjewol in donkerreade trui,’ typte ik yn.

Folle ferwachte ik der net fan en soe it my oan tiid dwaan om in kofje yn te skinken, mar binnen 30 sekonden kaam hiel fernimstich dit byld foar it ljocht:

Net te leauwen, dochs? Ik ha it wûnderapp noch wat details feroarje litten oan it ynterieur mar wie bot te sprekken oer it resultaat. Dat ik bin al dwaande om de âld man nei te skilderjen. Foarearst kin ik wol foarút. Je kinne fan alles fan fine en allegeduerigen ôfdwaan op de nijste techniken en de lêste ûntjouwings. En dêr de negative of gefaarlike konsewkinsjes fan ynsjen.  Persoanlik lykwols sjoch ik yn dit gefal leaver nei de machtige foardielen dy’t AI my opleveret.

En witst wat ek moai is? Kinst ChatGPT gewoan yn geef Frysk wat freegje en it antwurdet yn noch gever Frysk...!

Jan

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.