As in gat yn Frankryk

Gepubliceerd op 20 juni 2025 om 22:10

It begûn sa moai. Fjouwer, fiif moanne tefoaren hie ik by de ANWB foar de Frânske autorûtes al in tolbadge oanskaft om ús te hoedzjen foar stress en oar lijen by dy ferrekte tolpoartsjes. Want it is sjesa, de tolwegen dêr ride o sa geryflik, mar kom der earst mar ris op. Nee, dan dizze kear, mei ús doaske efter it foarrút riden wy mei in gonkje fan sa’n tritich kilometer op ’e slachboom ôf, dat op in ôfstân fan mear as tsien meter automatysk en hielendal fansels as in wûnder omheech gie om sa de meterslange files fan frije Frânsen yn ’e rigen links en rjochts lekker puh moai sûnder ien kear ho te hâlden foarby te stowen. Wat in weelde, seine wy as opteine bern ûnder inoar, kommende tsien jier alle kearen wer nei Frankryk, hoe faker en fierder hoe fleuriger.

Ast ien kear de smaak fan oesters te pakken hast krigest noch mear wille yn it libben. No sieten wy oan ’e súdkant fan Bretagne en lit dat no krekt de omkriten wêze fan ’e bêste oesters fan it lân, of fan ‘e wrâld sa’t de Frânsen it sels fan ’e dakken skreauwe.  Hie ik no mar sa’n sillich sâltige oester opsloarpe, mar nee, ik moast fansels in pizza bestelle mei in wol hiele hurde râne. Mei as gefolch dat myn foarste stifttosk ôfbruts en ik de hiele fakânsje troch mei mei in gat yn Frankryk omrûn ha. De earste pear dagen waard yn myn belibben dat gat yn ’t gebit al mar grutter en grutter, myn tonge foel der hast yn wei en wat moast ik myn oantaast en fersutert selsbyld? Moast ik no it fierdere fan ’e fakânsje de mûle ticht hâlde en myn meast útskroeven laitsjen mije? Bist net wiis, tocht ik by mysels, krekt no moasto mei dyn twaensantich jierren in keardel wêze, wat kin dy de Fransozen no skele?

Dat ik ha in hiele noflike fakânskje hân, wis wol, ek op ’e weromreis fan it iene hotel nei it oare en wat ha ik lekker iten! No’t ik wer thús bin moat ik lykwols noch twa wiken mei myn skeind selsfertrouwen rûnrinne foar’t der in ymplantaat ynsetten wurde kin mei in tydlike kroan. Mar dizze twa wiken oerlibje ik ek wol, wat kin my myn buorlju skele?

As wy noch jild oerhâlde de kommende tsien jier dan mar nei Fryslân op fakânsje. Hawwe se by jimme ek tolwegen?   

 Lomme

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.