Se sitte der wer, de grize en de brune

Gepubliceerd op 14 oktober 2025 om 17:12

Gewoanwei is it by ús yn Nijhoarne sa stil en rêstich dat ik it betiden net leauwe kin dat wy middenyn it libben steane. Dan freegje ik my ôf oft der wer in nij firus omdoarmet en der in berjocht west hat dat elkenien wer gutbürgerlich ophokt bliuwe moat. No, moai net! Earder dizze moarn hie al in pear kear sa’n nozembrommer it fytspaad neist ús hiem ûnfeilich makke. En no skrik ik wer op. Der rydt in ambulânse mei fûl ljocht en jammerjende lûden ús strjitte yn. Tichtby bliuwt er stean, mar dan der falt my noch wat oars op. Yn ’e spjirrebeam fan ’e buorlju, oare kant it fytspaad, fladderje in pear fûgels drok hinne en wer. As ik noch in kear goed sjoch binne it wrammels wer de twa ûlen dy’t sa út en yn in skoft yn dy beam wenje. Jawis, se binne it! De grize en de brune ûle, beidegearre.

Bliid dat ik se wer sjoch, sa lang hjir net sjoen, mar harren panyk is my oars folslein ûnbekend. Oer it sydsket hinne fan myn kamper ôfdak -dêr’t noch nea in kamper stien hat en oant myn hûndertste jier ek net stean sil- rop en wiuw ik nei de beide ûlen. Se sjogge my net, of wolle my net sjen, en fladderje wifsinnich nei de heechste takke fan de beam. Letter hear ik dat in buorjonge mei syn brommer tsjin in lantearnepeal riden is.

 

De sikewein is mei al syn toeters en bellen rap wer fuort, de ûlen sjoch ik de hiele moarn net mear. Oan it begjin fan de middei, as  ik besykje in mislearre masterwurk tsjin better witten yn noch wat by te wurkjen, sitte se ynienen op ’e doar fan it hok.

‘Oeoe schokkerskilder,’ ropt de grize.

‘Witte jo hoe’t it ôfrûn is mei dy brommerjonge?’ freget de brune ûle.

‘Tsjin in lantearnepeal opriden,’ sis ik, ‘mar gjinien fan de buorlju koe my fertelle hoe slim er ferwûne is.’

‘Tsjong,’  seit de grize.

‘Tryst, tryst,’ seit de brune.

‘Ja, sneu foar dat mantsje,’ sis ik, ‘hy wie sa grutsk op syn âlde Batavette. Hy hie him sels opfierd en koe der wol 75 km yn it  oere mei. Sei er sels.’

De brune ûle spat op: ‘Wat hawwe wy him ferwinske fanwegen dy rotbrommer. In pear kear binne wy hast út de beam rûgele fan skrik. It is hjir ommers sa moai rêstich dizze kant fan it doarp.’

‘No ja, as de jonge der mar neat oan oerhâldt,’ seit de grize.

‘Mar, mar... Jimme ha him dochs allinne mar wat ferwinske, dochs net oanflein of sok sa wat?’ Ik priuw by de ûlen foar in part opstannige balstjurrigens.

‘Neuuu..,’ seit de brune. ‘...Inkeld en allinnich in bytsje terjochte straf ferwinske. Dat kinne wy hiel yntins en krêftich en dan komt it faak wol út.’

‘Yntins krêftich ferwinskje?’ Ik lit de wurden troch it ferstân rolje. In nij soart leauwen?

‘Wy binne beide altyd o sa earlik, of net dan? seit de grize tsjin de brune. ‘Moatte wy dan net oan dizze âld skilder ferhelje fan ús ûleballebommen?’

‘Wat no,’ freegje ik kjel.

‘Dat moatsto opbychtsje,’ seit de grize tsjin de brune. ‘It wie dyn plan, dyn wraak, dyn aksje.’

‘No no, wraak,’ seit de brune mei tsjinsin. ‘Mar ik wie al goed lilk op dy snotnoas mei syn knetterbrommer. Ik sjoch wolris wat foarby kommen yn it nijs, dat ik sei wy meitsje ek bommen. Want wat in drone kin, dan kinne wy ek! Wy sparje al ús ûleballen op, wy fleane kreas boppe dy snotbongel  en litte dy ûleballebommen yn ien kear rjochtstandich op ’e holle falle. Sil him leare!’

‘Hie net moatten,’ seit de grize. ‘Hie werklik net moatten. Daliks nei it bombardemint is er crasht, earme stakker.’

‘Nee’, jout de brune ta. ‘Net sa tûk fan ús.’

 

Jûns bring ik út namme fan beide ûlen in pear repen sûkelade nei de buorjonge. Hy wie wer thús. Allinne wat blauwe plakken en smoarge stjonkende klean oerholden.

 

Jan

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.