‘Ha jo foar ús beide ek sa’n list mei stânpunten en hokker partijen der mei dogge oan de ferkiezings foar it parlemint dizze moanne?’
Ik wie al in bytsje wend oan de ûlen dy’ t alle dagen wol in amerijke by myn hok komme foar samar in los praatsje, mar no skrik ik fan de hege stim fan de grize ûle. Meastal stean ik aardich ûntspand foar de ezel te skilderjen, mar krekt op dit stuit sit ik yn ’e heechste konsintraasje fanwegen it pinsielen fan subtile letterkes op in wurk fan it ferneamde Verkadeblikje. It pinsiel sjit út en it skreefletterke is in tsjokke Bold wurden. Ik prottelje en besykje de letter fuort te feien, mar dat is mei akrylferve gjin dwaan.
‘Wat in griemerij,’ ropt de grize ûle wylst er hin en wer wipt boppe op de iepensteande hoksdoar.
Ik freegje wat se mei dy ynfo moatte oer de ferkiezings.
‘Myn maat wol jo in stimadvys jaan, jo sweve noch, dochs?
No hie ik eins al in kar makke, mar bin wol nijsgjirrich nei harren miening. Earder ha ik de ûlen wolris ûnderskat en, sterker noch, dy flater ha ik by minsken ek wol makke. Oardielje net samar op basis fan ôfkomst, namme of oplieding. By ûlen net oars. Amen.
Ik helje myn IPad en wol útlizze hoe’t it apparaat wurket, mar dat is wer in ûnderskatting fan komsa.
‘Bin gjin diggibeet, hear!,’ graut de grize. Hy klammet de IPad ûnder de fleugel en fljucht de beam yn.
Dêrnei sjoch ik geregeld eefkes nei beide bisten, mar se sitte hieltyd te lêzen, te wizen en te swipen. Sa no en dan sitte se te protteljen. Yn it begjin fan de middei rûgelt de brune út de beam fan it skatterlaitsjen.
Ik freegje wat der is. De grize hat de triennen noch yn ’e eagen fan it laitsjen. ‘Wy sieten efkes te lêzen oer de punten fan de Partij fan de Dieren, dy stim fan jo soe dêr wol moai hinne kinne. Mar dat ferdôve slachtsjen is wol in dinkje en no sieten wy te beredenearjen hoe wy de mûzen dy’t wy pakke earst ferdôvje sille. By de sturt pakke en dan tsjin de beam bûten westen slaan hie myn ûlemaat betocht. Mar dat is bepaald hiel dier ûnfreonlik, wol ik leauwe.’
De oare moarn sitte se al betiid wer op ’e kontener by it hok.
‘Wat binne jo let,’ seit de grize ûle, ‘it is al in skoft ljocht.’ Hy leit de IPad foar him op de kontener.
‘Ik moat ommers earst kofjedrinke, myn bakje muesli mei yochert ite en it krantsje lêze.’
‘Wat in leech libben,’ seit de brune.
‘Ja, ik bin út it wurk en al oer de santich,’ krimmeneare ik, ‘lit my gewurde.’
‘Dan kinne se jo ek wol in spuitsje jaan,’ seit de brune.
‘Humor, hear,’ seit de grize gau as er sjocht hoe’t dy opmerking fan syn maat by my binnenkomt.
‘Oars moatte wy ek mar oan de muesli,’ wol de grize ha, ‘dan hat de PvDD dochs in bytsje gelyk krigen. Wy wolle ek wol op in oare toer.’
‘Mar gjin stimadvys?,’ freegje ik.
‘Nee, wat in earmoede, dy plannen. Sykje sels mar wat by jo past,’ seit de brune.
‘Ja, pak dy ko sels mar by de sturt, of by de hoarnen,’ seit de oare en fladderet mei syn maat heger de beam yn.
Dat past oars wol by in leech en labbekakkerich libben, betink ik letter. Gjin stipe en gjin hope, inkeld ûnnuttige plannen foar de takomst. Je steane der ek altyd allinnich foar.
Jan
Reactie plaatsen
Reacties