Witer as wyt

Gepubliceerd op 28 januari 2026 om 15:49

It is in pracht moarn. Alles is wyt. Wat noflik âlderwetsk. Mei in joechei helje ik de hast fergetten snieskower achter út it hok. 10 oant 15 sintimeter snie, sa farsk as wat en fluwiel sêft. Yn gjin tiid en eins fierstente rap ha ik de ynrit, it P-plak en stik fan de dyk sniefrij. De buorlju ha noch gjin kubike sintimeter út ’e wei set. Dy binne blykber frijsteld fan de wetlike bepalingen dy’t foar gewoane gemeente-ynwenners no ienris fan tapassing binne. Of miskien binne se út ’e tiid. Wylst ik it stikje fytspaad fan de gemeente meinim rjochtsje ik healwei de eagen op it ûnderkommen fan myn freonen de ûlen en sjoch ik omke ûle op syn feranda fan harren hok stean. Myn gehoar is it bêste ôf en it folk om my hinne praat ek hiel tiid sêfter. Mar dan ynienen komt it troch.

Omke ûle draacht in gedicht foar. Blykber wit er dat dizze wike de wike fan it gedicht is. Hy deklamearret:

 

Witer as wyt

Skjinner,

blanker en

nij as ea

gjin griis grau grom

werom op nul

 

En begjint dan wer opnij:

 

Witer as wyt

skjinner

blanker en

nij as ea

gjin griis grau grom

werom op nul

 

Sa giet it wol seis of mear kear troch, mar ik ha it drok dat ik rop:

‘Wêr giet dit oer, omke?’

 

Hy sjocht my heechhertich oan en seit:

‘Dúdlik dochs.’

‘Ja,’ sis ik. ‘Is ek sa: snie.’

‘Heden nee,’ bromt er en fladdert fuort.

De hiele dei rin ik der mei om, wat is witer as wyt? Ik sykje yn Wikipedia, bledderje troch wat keunstboeken, lis de fraach foar oan kunde mar krij allinne mar flauwe antwurden.

Tsjin de jûn sit omke ûle wer op de feranda fan it ûlehok. Hy mompelet wat, it soe bêst wêze kinne dat it itselde fers is as fan fan ’e moarn. Hy krûpt fuort as er my sjocht. It jout in ferfelend gefoel.

De oare moarn sit it grize neefke fan omke ûle op ien tûke leger as it ûlehok. Ik fertel him wat ik meimakke ha mei syn omke.

‘Wat kin er bedoele mei ‘witer as wyt?’

‘Ah dat,’ seit it neefke. ‘Oer dat tema makket hy de lêste tiid mear gedichten.’

‘Wat wol hy dêr mei sizze?’

‘It giet oer it nije begjin.’

Ik tink der oer nei. ‘Mar dan is der ek in ein.’

‘Krekt. Wyt giet nei griis oer yn ’t swart. Hy fielt him al langer net goed’.

‘Tjee,’ sis ik skrokken. ‘Moat ik mei him nei de bistedokter?’

‘Heden nee. It komt sa’t it komt en it ein komt dochs in kear.’

Wat in berêsting. ‘Mar kiest der dochs foar om sa lang mooglik hjir oer it ierdske fladderje te kinnen?’

‘Hy komt gewoan werom,’ seit neefke wis.

‘Dat leauwe jimme ûlen?’

De grize ûle stekt syn kop wat omheech de kâlde easten wyn yn en ik sjoch in trien oer syn moai lofter each gliden.

‘Dat wit ik gewoan,’ seit er, mar dan ferbetteret er himsels. ‘Nee, dat WYT ik gewoan.’

 

Jan

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.