Hiene wy it oer tsjerken? Dan moatte wy it foaral ek eefkes ha oer goatyske katedralen. De aldermoaiste katedralen binne dy yn Ingelân en fan dy katedralen is en bliuwt foar my alle kearen it plafond wer it bjusterbaarlikst. Komst deryn, sjochst automatysk omheech en ynienen waanst dy ûnder in universum dat hast net troch minskehannen makke wêze kin. Ut in soarte fan hegere abstrakte geometry is in oerweldigjend symmetrysk plafond ûntstien. De ribben waaierje út as takken fan in beam dy’t sekuer witte wêr’t se hinne wolle. Elts ferwulf slút wer oan op in oare, as binne se al jierren ûnwjersteanber en ûnfersetlik mei inoar yn petear. Sjochst en fielst gjin twang, gjin barokke opdwaanderichheid, gjin poeha, it liket oft it as fansels en folslein naturel konstruearre is.
Dy midsiuwske boumasters moatte witten hawwe dat symmetry in romte folle lichter makket, folle ferhevener, sels as dy út tûzenen tonnen stien bestiet. De werhelling fan patroanen — yn dit gefal de waaierferwulven fan it Kings College Chapel yn Cambridge — kreëarret in yntrinsyk ritme dêr’t wy ús each net foar wei draaie kinne. It gewicht fan ’e wrâld bliuwt by ús op ’e grûn mei ús soargen fan alledei; fier boppe ús hollen sweeft in matematyske webbe fan luchtich stien, fan in oare diminsje, in bettere wrâld fol klearrichheid en dúdlikheid. Dat plafond moat foar de minsken fan sa’n seishûndert jier lyn it inerlik wêzen fan ’e himel foarsteld hawwe, in plak dêr’tst letter o sa graach ivich en altyd yn omswalkje woest omdatst dêr dan simpelwei net mear ferdwale koest. Dus wie der neat mis mei de dea.
Yn in tiid sûnder algoritmen, sûnder Cad-Camsoftware, sûnder laserwetterpassen en withoe hege hyskranen, wisten boumasters in ûnmooglike foarm fan geometryske meditaasje te kreëarjen. De symmetry is gjin trúkje út ’e losse pols, mar ûntstie yn ’e oertsjûging dat’st gaos dimje kinst troch krekt de goede proporsjes ta te passen. Hoe is it dochs yn fredesnamme mooglik dat dizze patroanen en struktueren sa lang lyn úttocht binne troch minsken dy’t yn har libben miskien mar ien katedraal sjoen hawwe.
It stiet earne skreaun dat wa lang genôch omheech sjocht úteinliks fernimt dat symmetry in foarm fan muzyk is. Muzyk datst net hearre kinst, mar wol fiele. De ribben binne de noatebalke, de slútstiennen de aksenten, de werhelling it ritme. Ingelske goatyske plafonds binne in komposysje yn stien. Binne der yn ús libben moaiere saken as dit?
Lomme
Reactie plaatsen
Reacties