Hast gjin azem.

Gepubliceerd op 9 mei 2026 om 18:36

Jovan praat rap.

Nederlânsk, mar mei in dúdlik aksint. De wurden komme stakkato út syn mûle. Letter sil ik ta de ûntdekking komme dat er praat sa’t er skildert.

‘Ik krij hast gjin azem as ik midden yn in kreatyf proses sit,’ seit er.

Hy tinkt nei alle gedachten folle hurder as er út syn memmetaal yn it Nederlânsk fertale kin en hy wol safolle fertelle. Oer wat er tinkt en wêrom er sa wurket en wat syn skilderjen wol net foar syn libben, syn bestean, syn wêzen betsjut.

 

Jovan trof ik ferline jier by in gearkomste fan keunstners fan de Keunstrûte It Hearrenfean. In opmerklike man mei in bûtengewoan ferhaal. In pasjonearre man mei in waarme persoanlikheid. Yn 1993 nei Nederlân flecht fanwegen de oarloch yn syn bertelân Joegoslaavje. Syn skilderijen koe er net meinimme en letter die bliken dat dy ferneatige wienen. Yn Joegoslaavje wie er al in ferneamd keunstner en út It Hearrenfean hat er dat fierder útbout. Syn wurk hinget oeral yn ’e wrâld, fan Dûbai oan ’t yn Amearika, fan Poalen oan’ t Oekraïne. Hy fernuveret him deroer dat folk út lannen dy’t yn oarloch binne, überhaupt keunst keapje.

 

Fan syn jeugd ôf hat Jovan tekene en skildere. Dat kaam ek mei troch in keunstner, dy’t op syn legere skoalle skilderlessen joech. ‘Ik fûn it earst in nuvere man, dy keunstner,’ seit Jovan. ‘Wy moasten tekeningen meitsje en dy lei hy ta beoardieling allegear as stapel op ’e kop op syn tafel, tearde san in flap nei bûten en sette der in sifer op. Fan 1 oant 5. Dy fan my helle hy der tuskenút en liet hy de oare bern sjen. Ik krige alle kearen in 5. Letter mocht ik yn in skildersklaske by him thús komme. Troch de jierren hinne is hy in goeie freon wurden. Hy learde my in soad. Nei myn flecht nei Hollân, kaam ik yn it Haachse. Letter fernaam ik dat dizze freon hjir ek hinne kaam wie. Hy wie drok dwaande mei wandskilderingen yn in nij te iepenjen hotel. En ik mocht him helpe.’

 

Mar it begjin fan syn tiid yn Hearrenfean wie swier, seit er. Syn wurk wie tryst en donker en pas nei fiif jier kaam der wer wat kleur yn syn wurk. ‘Color is born again’ neamt er die perioade. En kleurich is it. Hy skilderet grut en ekspressyf en dus yn de meast felle kleuren. Syn ynspiraasje en ûnderwerpen komme djip út syn siel wei, fertelt er, as ik him opsykje yn syn atelier op It Hearrenfean. Hy hat in tige persoanlike teory oer it hieljende wurk fan it skilderjen yn stressfolle tiden. Moatst gjin psychiater rieplachtsje, seit er, dy meitsje de gaos yn dyn holle allinne mar grutter. Skilderjen gean! Net neitinke. Ekspressyf wêze. De azem ynhâlde en wrotte, jonge, bealgje.

 

Ik lit him in pear fan myn skilderwurkjes sjen, doch it ferhaal der achter en krij entûsjast advys om foaral troch te gean.

As ik letter wer bûten stean bin ik ek efter de pûst.

 

Jan.

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.