Besprek wurk Meindert Bylsma by 'Moard en deaslach yn de Fryske literatuer' -Tresoar 23-4-26
As jo in boek skriuwe wolle yn it sjenre misdied, dan moatte jo persee it wurd ‘moard’ yn ’e titel sette. Hoe, of wat, of wêrom, dat makket gjin sprút út, as dat wurd mar yn ’e titel sit. Want Moard ferkeapet! Dy wiisheid ha ik net fan mysels, mar ha’k heard fan Meindert Bylsma. En dy hat it ek net fan himsels, dy hie it op syn beurt wer fan in útjouwer.
No wol ik it hjoed en hjir net al te folle oer moard en deaslach hawwe en dat soart miserabele saken, mar dochs, in fraach... Hoefolle moarden binne der eins elk jier hjir yn Fryslân?
Ik ha dat efkes Google. Fryslân is yn Nederlân de provinsje mei de minste tal moarden, fan 2020 oant en mei 2024 wiene dat der ....... mar acht. Yn fiif jier! Miskien is moard en deaslach dêrom wol sa populêr ûnder Fryske boekekeapers: wy hawwe hjir fierstentemin moarden. Wat snakje wy op syn tiid nei in ferrekte moaie moard, ien dêr’t it bloed it leafst yn liters fan ôfdript.
Yn it Fryske boekemiljeu mei dan moard en deaslach ûnder lêzers blykber populêr wêze, ûnder Fryske skriuwers is dat neffens my net sa. Yn it literêre wrâldsje wurdt der, litte wy earlik wêze, wat op delsjoen. Myn twillingbroer skriuwt no en dan in boekbesprek foar it literêre tydskrift Ensafh, mar in plysjeroman hat er fan de redaksje noch net yn ’e hannen krigen om te besprekken.
Sels bin ik jierren lyn úteinset mei samar in ferhaal oer in resjersjeur Ale Alema. Mei it dekôr fan in plysjeburo en it opfieren fan alderhande lytse- en fette kriminelen soe neffens my dochs in aardich ferhaal te meitsjen wêze. Sintrum fan it ferhaal moast absolút It Hearrenfean wêze. Foar my fertroude omkriten, in grut mar rêstich doarp -gjin stêd!-, sûnder moard en deaslach. Ik wurkje it leafst yn in libbene, foar my mar ek foar de lêzer tige werkenbere wrâld fan doarpen, klups en relaasjes. Gewoane plakken dêr’t elkenien inoar ken en dêr’t de humor en sosjale dynamyk de spanning drage. It moasten ferhalen wurde oer lju dy’t tsjokke tsjinslach hienen, of bysûnder gemien wienen of deagewoan hiel slûchslim. Nee, gjin deaden! Want soks bart net by ús thús yn ’e eftertún, no?
Mar ja, oan it ein fan it earste haadstik al fleach in Mercedes by Langsweagen út ’e bocht en tsjin in beam. Bestjoerder kroandea. Dat wie in hufter fan in fint. Mei krekt sa’n karakter as in strontferfelende saaklike klant fan my. Ik wie echt net, echt net begûn mei skriuwen om frustraasjes fuort te wurkjen. Dat, doe siet ik dus mei dy deade keardel oanklaud en woe iksels ek sa stommegraach witte fan it hoe en it wat en it wêrom. Wat langer wat mear makke dat wol deeglik in sprút of twa út. Who did dit? Whodunit? Ik kin jo sizze, skriuweraasje is ek speure yn jins eigen tsjustere gewisse.
Se hawwe my frege of ik hjir hjoed wat fertelle woe oer it wurk fan Meindert Bylsma, dy oare Fryske misdiedskriuwer. Ik koe him noch net persoanlik, dat ik ha wat wiken lyn mar ris in ôfspraak makke om by him thús yn Kimswerd in bytsje yn ’e kunde te kommen. Ik ha doe in pear oeren aldernoflikst mei him oan it petearen west.
Meindert Bylsma fan Kimswert, berne yn Wergea yn 1941, hie, nei fansels de kweekskoalle, syn libben lang in karriêre yn it ûnderwiis. Hy is mearfâldich Rely Jorritsma priiswinner mei koarte ferhalen én gedichten, wie mei Josse de Haan ien fan ’e mannen fan Dichterstelefoan Operaesje Fers, is skriuwer fan mear as tsien romans, wie meiwurker oan noch in hiel soad oare publikaasjes en ek noch jierrenlang bestjoerlik en organisatoarysk aktyf yn it Frysk literêre wrâldsje. In hiel aardige man mei in soad ûnderfining, in skriuwer yn it sâlt bebiten, dy't, hoe beskieden ek, hiel wat te fertellen hat en it ek noch moai sizze kin. Soe in skriuwer, dy’t syn libben lang yn ’e Fryske literatuer namme makke hat, him noch mei plysjeromans dwaande hâlde? No, Meindert Bylsma wol deeglik!
Bygelyks yn syn opfallende plysjeroman Shit my mar lek, útjûn yn 1998. Wat docht bliken? Einst is dit hielendal gjin plysjeroman, mar folle mear in oanklacht tsjin de minne posysje fan it Frysk yn Fryslân. Ek al wurde yn dit boek noch twa oare âldere mannen fermoarde, ek allebeide tige Frysksinnich en ek allebeide terminaal siik, de skriuwer nimt alle gelegenheden de baas om op in faak humoristyske, soms synyske wize, raar guod te spuien oer it kromme gebrûk fan it Frysk.
As jo fan Fryske boeken hâlde mei frjemde, ûnferwachts prachtich literêre bokkesprongen oer de ûnbehindere teloargong fan it Frysk: lêze dat boek! Dat begjint al by de opdracht foar yn dat boek: “Mochten jo by it lêzen fan dit boek ynienen tinke: “dat lykje ik wol,”dan ha jo gelyk: jo binne it!” Dan witte jo ek fuortdaliks wa’t de dieder is, want de dieder is de lêzer. Dus jo. Dit is no ris in misdiedboek, dêr’t it plot finaal ûnderskikkend is oan de auteur syn boadskip. Yn dit gefal dus dat it faaljekant mis gean sil mei it Frysk as taal. En Bylsma komt dêr mei wei! Mear as tritich jier lyn skreaun! No ja, it Frysk bestiet noch, hysels bestiet noch, en no skriuwt er echte misdiedromans. Mei it wurd ‘moard’ prominint yn de titel.
Moard yn tsjerke is in nijere boek fan Meinder Bylsma, út 2021.
De koster is yn tsjerke dwaande in gearkomst foar te berieden. It is de jierlikse ynspeksje, einst in lyts feestke, fan it bestjoer fan it Frjentsjer weeshûs, om te ûndersykjen oft it jild wol goed besteed wurdt wat it ûnderhâld fan de grêfkelder en it ynterieur oanbelanget. Ien lid fan it bestjoer, de skriuwer fan it selskip, is der noch net, mar de koster docht al fêst it lûk nei de grêfkelder iepen.
“It is mar goed dat it hjir no in protestantske tsjerke is en net mear in roomske, want Jezus wie grif fan syn krús fallen by de yslike gjalp dy’t de koster úttsjit as er it lûk iepentrekt. Under oan de trep leit in man en se hoege net te rieden wa’t dy man is. Se sjogge fuortdaliks ek dat de skriuwer noait wer skriuwe sil”.
De brigadier-resjerjeur yn dit boek is in Liuwe Bekkema. Dy hat in ôfgryslike hekel oan burowurk en dan benammen kompjûterwurk. Abonnearre op de VPRO-gids, mei graach in slokje. Bekkema syn kollega is in Lukas Roosjen, haadplysje-resjersjeur. “Se binne folslein ferskillend fan aard, jouwe inoar gauris in stek ûnder wetter en Bekkema moat Roosjen regelmjittich by de les lûke, mar “se kenne as de blommen. Dat is ek it opmerklikste oan dit boek, de petearen tusken beide mannen. Beide plysjemannen binne wat yntroverter en mear kompliseare as myn Ale Alema. Dy is mear yntuïtyf, minskliker soe ik sizze wolle, mar ek ûnhandiger. Hy draacht de spanning mear mei yn knypeach.
Bylsma syn plysjeromans binne wat mear literêr-psychologysk, mei in ûnderstream fan ûnrêst, ferfrjemding en de kwetsberens fan de minske. By him rinne de minsken faak fêst tusken winsk en werklikheid. De fraach is by Bylsma net sa sear wá it dien hat, dat is faak dúdlik genôch, mar wat bringt in minske ta sok gedrach? Syn taal is faaks absurdysker en soms ek net in bytsje!
Ik sjoch myn eigen boeken mear as in ferhalend aventoer, mei humor en dan foaral selsspot, aardich wat faasje en dat yn in waarme mienskipssfear. By my bliuwt de spanning faak tagonkliker en licht, sels by earnstiger saken. De misdied by my is mear in motor foar in fleurich, flotter ferteld ferhaal mei, wat ik tink, oer it generaal sympatike personaazjes. Ik sit wat mear op de dialogen, myn plots binne miskien wat klassiker mei mear ferrassingen.
Moard op ’e steger is Bylsma syn lêste plysjeroman, út 2024.
De ferskillen tusken de beide plysjemannen, Bekkema en Roosjen, komme no dúdliker út ‘e ferve. Se sitte op it terras fan har stamkafee “Oan it Waad” yn Harns ôfwaaid te praten oer it waar en hoe waarm it wol net is en oer de pakes en beppes en oer beaerenburch en oer hoe’t de ien fûgel wol net ferskilt fan de oare. Bylsma is echt in natuerminske en mei dan ek o sa graach oer de natuer skriuwe. Foar my hoech soks net sa. As myn Ale dêr yn Bontebok sjocht hoe fredich syn geiten der by steane fyn ik it al moai genôch. Ik moat fierder mei it ferhaal.
Nei tsien siden ouwenelen komt der yn dat boek fan Bylsma dan einliks in telefoantsje fan de meldkeamer. Op in steger seis kilometer fierderop sit in deade man noch rjocht oerein as wie er noch oan it fiskjen, mar dan sûnder angel. Der stean al in pear sjoernalisten by de ôfsetting. Ek de dokter is al oanwêzich. “De dokter is gau klear. Der sit gjin libben yn”.
Dus ek by Bylsma sit humor. Dan begjinne beide mannen te resjersjearjen, mar net nei’t se noch wat te sizzen hawwe oer it minne Frysk fan tsjintwurdich en withoefaak der wol net Ingelske wurden brûkt wurde. Wat opfalt binne de meast koarte sinnen fan Bylsma yn de ferhalen. Persoanlik brûk ik it leafst folsinnen. It leafst in hiel haadstik yn ien sin.
Bysûnder om de ‘speurdersferhalen’ te lêzen fan Meindert Bylsma. Hy hat in pracht fan in format fûn om syn ferhaal stâl te jaan. Plysjes dy’t net konstant mei it ûndersyk dwaande binne, eins nea op it plysjeburo binne, mar fakernôch in buorrel drinke yn ’e kroech en de tiid ferdriuwe mei te praten oer wat mear alledeiske saken en oare persoanlike saken besprekke. Miskien net fan hielendal foar de jongerein fan dizze tiid, mar foar ús boomers, -en dat binne ommers de measte en de tûkste lêzers-, kin it wol fansels, de lêzer in spegel foarhâlde.
Soe ik skriuwers entûsjast meitsje kinne om wat te dwaan mei it sjenre misdied? Ik bin gjin ferkeaper, haw ek net it ark om folk te coachen of wyld te meitsjen foar in bepaald plan of tema. En skriuwers binne fernimstich genôch om sels har eigen sjenre yn te foljen.
Ien fan de bêste Fryske koarte ferhalen oait skreaun is ien fan Trinus Riemersma. No stie dy net bekend om syn speurdersferhalen, mar it bekende ferhaal De skriuwer foar it it doarpsbelang is eigentlik ek in moardferhaal, mar dan sûnder ien moard. Kenne jo dat ferhaal? Der is ek in toanielstik fan makke, dat ferline jier of twa jier lyn noch wer ris opfierd is yn Frentsjer.
De 22-jierrige Gerben Turkstra mei nei de pauze fan de de gearkomst fan ’e feriening foar Doarpsbelang, as de notulen allegear ôfhannele binne, syn alderearste ferhaal foarlêze.
Syn earste pinnefrucht sil ik mar sizze.
It is mar in lyts ferhaaltsje, fan mar sa’n 25 sinnen, oer in jongkeardel dy’t op in sneontejûn tsjin de wyn yn de buorren út fytst, nei syn faam Geartsje ta dy’t in doarp fierderop wennet.
As dy Gerben klear is mei it foarlêzen fan syn ferhaaltsje komt de iene nei de oare tahearder yn de seal mei krityk oer de meast ûnsinnige saken, oer saken dêr’t de tahearder harren stik foar stik kwetst fiele.
Dy goede Gerben kin dan op’t lêst net folle mear dwaan om it iene sintsje nei it oare troch te krassen.
Oant der op it lêst noch mar ien sin oerbliuwt: ‘Ik de buorrren út’.
Kill your darlings, sizze se dan, oer it it skriuwen en redigearjen fan teksten.
Moard op papier. Krimineel moaie ferhalen.
Jan Schokker.
Reactie plaatsen
Reacties