Stefan Zweig oer it net knibbeljen fan Michel de Montaigne

Gepubliceerd op 21 mei 2026 om 23:19

‘Der is gjin wissichheid mear op ierde: dit fûnemintele gefoel hat ûnûntkomber syn yntellektuele wjerslach yn Montaignes fyzje op 'e wrâld. Dêrom moat men besykje, as men wegeret om mei te gûlen yn ’t koar fan de fanatisy, dy wissichheid bûten dizze wrâld, bûten ús heitelân en it tiidrek fan hjoed de dei te finen. Men moat jins eigen heitelân, jins eigen wrâld kreëarje.

As de nommelste wearden fan it libben, alles wat ús bestean rjochtfeardiget en suver, moaier en sinfol makket, as ús frede, ús autonomy en ús oanberne rjocht opoffere wurde oan de kranksinnichheid fan in hânfol fanatisy en ideologyen, dan binne alle problemen foar de minske dy't syn minsklikheid net oan syn tiidrek ferlieze wol, werom te lieden ta dizze iene fraach: hoe bliuw ik frij? Hoe bewarje ik, nettsjinsteande alle drigings en gefaren, in ûnoantaastbere helderheid fan geast middenmank sektaryske razernij, hoe hâld ik de minsklikens fan myn hert ymmún middenmank alle barbaarskens? Hoe ûntkom ik oan de tirannike easken dy't steat, tsjerke of polityk my opkringe wolle? Hoe mij ik it om yn myn útspraken en myn dieden fierder te gean as myn djipste ik my opleit? Hoe ferhinderje ik dat ik dat iene en autentike stikje fan myn wêzen, dêr't ik ûnder in unike hoeke it hielal yn wjerspegele sjoch, ûnderwerpe moat oan reglemintearre en fan bûtenôf opleine noarmen? Hoe bewarje ik myn eigen siel en de my tahearrende matearje, myn lichem, myn sûnens, myn senuwen, myn tinzen, myn gefoelens foar it gefaar offere te wurden oan de wanen en de belangen fan oaren?

 

Oan dy fragen, en allinne dêroan, hat Montaigne syn libben en al syn krêft en ynspanning en keunst en wiisheid wijd. Foar dy frijheid hat er al syn bewegings en al syn gefoelens observearre, bewekke, ûndersocht en himsels derom teplak set. Troch dy muoisume syktocht nei spirituele rêding, nei behâld fan frijheid yn in tiidrek fan algemiene ûnderwurpenens oan ideologyen en partijen, is er foar ús, mear as wa dan ek, in broer; as wy him as keunstner bewûnderje en foaral wurdearje, dan is dat omdat er him as gjin oar wijd hat oan de heechste keunst fan it libben: rester soi-même. Yn oare, rêstiger en frediger tiidrekken waard de yntellektuele, morele, psychologyske neilittenskip fan Montaigne út in oar eachpunt wei besjoen; der waarden gelearde diskusjes fierd oer de fraach oft er in skeptikus wie of in kristen, in epikurist of in stoisyn, in filosoof of in amuseur, in skriuwer of gewoan in geniale dilettant. Yn proefskriften en ferhannelingen binne syn opfettingen oer opfieding en godstsjinst sekuer ûntleed en útinoar set.

My ynteressearret en rekket wat Montaigne oangiet tsjintwurdich mar ien ding: hoe't er him yn in tiidrek dat tige op dat fan ús liket inerlik befrijd hat en hoe't wy, troch him te lêzen, ús oplûke kinne oan syn foarbyld. Ik beskôgje him as oerheit, beskermhillige en freon fan elke homme libre op ierde, as de bêste learmaster fan dizze nije en dochs ivige wittenskip: dysels beskermje tsjin alles en elkenien. Net folle op ierde hawwe earliker en grimiger striden om te mijen dat har djipste ik, har essence, ferminge reitsje soe mei en beynfloede wurde soe troch it fergiftige en troebele skom fan de agitaasje fan har tiid; en mar inkelden binne deryn slagge om dat djipste ik duorsum te beskermjen tsjin har tiid.

Dy striid fan Montaigne om syn inerlike frijheid te bewarjen, dy't miskien de meast bewuste en meast ferbittere striid is dy't in minske fan 'e geast ea laat hat, hat uterlik neat ferhevens of heldhaftichs. It soe oerdreaun wêze om him yn it rychje fan dichters en tinkers te pleatsen dy’t mei wurden foar de ‘frijheid fan it minskdom’ striden hawwe. By Montaigne fynst neat werom fan de donderjende tirades en it elegante elan fan in Schiller of in Lord Byron of fan de agressiviteit fan in Voltaire. Hy soe glimke hawwe by de gedachte om sa wat persoanliks as inerlike frijheid op oare minsken oer te bringen, en de profesjonele wrâldferbetterders, teoretisy en oertsjûgingssutelers hat er grouwélich hate. Hy wist mar al te goed wat in enoarme opjefte it is om allinnich al jins inerlike ûnôfhinklikheid te bewarjen. Dêrom is syn striid inkeld en allinne definsyf fan aard, rjochte op de ferdigening fan de inerlike ferskânsing dy’t Goethe de ‘sitadel’ neamt en dêr’t nimmen in oar tagong ta jout. Syn taktyk en technyk wie om uterlik sa diskreet en ûnopfallend mooglik te bliuwen, om him mei in soarte fan ferklaaiïng troch de wrâld te bewegen om it paad nei himsels te finen. Hy hat nea oanstjit jûn, omdat er him nea op de foargrûn pleatst hat en net besocht hat om foar syn ideeën taharkers en jaknikkers te winnen. Nei bûten ta like er in boarger, in amtner, in man, in katolyk, in man dy't yn alle diskreesje troch de bûtenwrâld opleine plicht ferfolle, dy't foar de bûtenwrâld de skutkleur fan de ûnopfallendheid oannaam, om nei binnen ta de kleurichheid fan syn siel yn alle nuânses observearje te kinnen en út ’e doeken te dwaan. Himsels oan oaren útliene, dêr wie er altyd ree ta; him oan oaren jaan die er nea. Altyd hold er yn alle foarmen fan syn libben it bêste, de kearn fan syn libben, ferburgen.

Hy liet it oan oaren oer om te palaverjen en har ta klibers te ferienjen, him op te winen, te preekjen en te paradearjen, hy liet de wrâld syn kronkelich en healwize wei gean en bekroade him mar om ien ding: blyk jaan fan rede foar himsels, minsklik wêze yn in tiid fan ûnminsklikens, frij wêze yn in tiid fan massalens. Dejingen dy't him útlaken, him ferwiten ûnferskillich te wêzen, wifelsinnich en lef, liet er begien, en hy wekke fernuvering troch net te stribjen nei amten of earbetoan; sels syn neisten koene net riede mei hoefolle stiiffêstens, manmoedigens, yntelliginsje en sûplesse hy him yn it skaad fan it iepenbiere libben wijde oan dy iene taak dy't er himsels oplein hie: net gewoan libje, mar syn eigen libben libje.

Dêrmei hat dy skynber passive man in bûtenwenstige died steld: troch himsels te bliuwen en te beskriuwen hat er de minske in nuce yn himsels bewarre, de neakene en tiidleaze minske, en wylst al it oare, de teologyske traktaten en de filosofyske útwreidingen fan syn iuw, in frjemde en efterhelle yndruk op ús makket, is er ús tiidgenoat, de man fan hjoed en fan altyd, en syn striid de aktueelste op ús wrâld. Hieltyd ast Montaigne iepenslachst, al dochst it hûndert kear, bledside nei bledside, krigest it gefoel: nostra res agitur (it giet oer ús), it gefoel dat der neitocht is, better en helderder as ik it sels sizze kin, en dúdliker as ik it sels tinke kin, oer wat yn dizze tiid de yntymste bekommernis fan myn siel is. Hjir is in ‘do’ dêr’t myn ‘ík’ yn wjerspegele wurdt, hjir is de ôfstân ûngedien makke dy’t tiidrekken faninoar skiedt. Dit is gjin boek, gjin literatuer of filosofy, mar in minske foar wa't ik in broer bin, in freon dy't my ried jout en treast biedt, in minske dy't ik begryp en dy't my begrypt.

As ik de Essays lês, ferdizenet it belettere papier yn it skimertsjuster fan myn keamer. Ik bin yn it selskip fan in sykheljende, libbene minske, in frjemdling hat my opsocht, mar it is gjin ûnbekende mear, it is ien dy't oanfielt as in freon. Fjouwerhûndert jier binne yn reek opgien; it is seigneur de Montaigne, de gentilhomme de la chambre, de keamerhear fan in fergetten Frânske kening, net de kastielhear út 'e Périgord dy't ta my sprekt; hy hat de wite mûnestienkraach, de punthoed, de degen ôflein, hy hat de ymposante ketting fan 'e oarder fan Sint-Michel ôflein. It is net mear de boargemaster fan Bordeaux dy't by my op besite is, net de gentilhomme en likemin de skriuwer. It is in freon dy't oer himsels praat en my ried jout. Soms klinkt yn syn stim in lichte drôvens troch, drôvens om de wiffens fan ús minsklike natuer, de ûntarikkendheid fan ús ferstân, de koartsichtigens fan ús lieders, de dwaasheid en wredens fan ús tiid, deselde drôvens as dy’t syn learling Shakespeare op ûnferjitlike wize oan syn favorite personaazjes Hamlet, Brutus en Prospero jûn hat. Mar dan fiel ik wer hoe't er glimket: wêrom tilst sa swier oan dit alles? Wêrom bekrûpt it dy oan en bist ûntmoedige troch de healwizichheid en bisteftigens fan dyn tiid? Dat alles rekket dochs allinnich dyn hûd, dyn libben oan 'e bûtenkant, net dyn djipste ik. De bûtenwrâld kin dy neat ûntnimme, kin dy net út lykwicht bringe, salang asto dy sels net út lykwicht bringe litst. L’ homme d’ entendemint n’ a rien à perdre (de mei ferstân bejeftige minsk hat neat te ferliezen).

De aktualiteit hat gjin macht oer dy, salang't ast wegerest deroan diel te nimmen; de waansin fan 'e tiid liedt net ta in krisis, salang asto helderheid fan geast bewarrest. En sels dyn slimste wederwarichheden, de skynbere misledigingen, de tsjinslaggen fielst allinnich asto dy swak opstelst, want wa oars as dosels hecht der wearde en belang oan, sjocht der genot en pine yn? Utsein dosels is der neat wat dy ferheffe of fernederje kin, sels de swierste stress fan bûtenôf kinst maklik fan dy ôfskodzje salang'tst inerlik stânfêstich en frij bliuwst. Hieltyd en foaral as it yndividu yn syn gemoedsrêst en syn frijheid bedrige wurdt, binne de wurden en de wize, treastrike ried fan Montaigne in woldied, want neat beskermet ús yn tiden fan betizing en sektarisme mear as oprjochtens en minsklikheid. Hoechst mar in healoere of in oere mei syn boek troch te bringen, dan hast al in wiis en opfleurjend wurd fûn. Foar elkenien dy't geastlike ûnôfhinklikheid neistribbet is dat wat Montaigne iuwen lyn sein hat noch altyd wier en jildich. Gjinien moatte wy mear tankber wêze as dejinge dy't yn in ûnminsklik tiidrek lykas dy fan ús it minsklike yn ús fersterket, dy't ús oantrunet om it iennichste en ûnferfrjemdbere dat wy hawwe, ús djipste ik, net priis te jaan oan alle twang en ferplichtingen dy't de tiid, de steat of de polityk ús oplizze. Want allinnich dejinge dy’t frij bliuwt foar alles en elkenien oer, fergruttet en hoedet de frijheid op ierde.’

Lomme

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.