Ut de âlde doaze

Gepubliceerd op 13 september 2026 om 08:05

Ut de âlde doaze 2

Yn dat mysterieuze jildkistke dat doetiids by nacht en ûntiid mei swier waar pontifikaal midden op’e itenstafel kaam te stean sieten dus ek de âlde brieven dy’t het en mem ûntfongen nei oanlieding fan har brulloft. Fan de stik of tsien skiftlike lokwinsken binne der twa yn it Frysk en dy binne as tsjûgenis dat tiden tiden hawwe te nijsgjirrich om hjir net efkes foar it fuotljocht te bringen.

 

Joure H 12, Snein 16e fan Foarjiersmoanne ‘47

Eale Breid en Brêgeman,

Wy winskje jimme fan Herte Lokwinkse mei jim’ foarnimmen. En hoopje dat jim Houlik sa wurde mei, sa as jimme it jim foarsteld hawwe. Meitsje fan jim troudei in lange lokkige dei, sa, dat jim’ er letter op delsjogge as eat dat moai en goed wier. Hwant de troudei is it steunpunt wêr’t jim fierdere houlikslibben op rêste moat. Elts ûnderfynt yn it houlik wolris in lytse strûkeling. Mar wol er dan omtinke, Breid en Brêgeman, dat er nêst rûzje, eat bistiet, sa moai en tear: de Leafde. De bân fan jim trou moat mei de jierren sterker en fêster wurde, sa dat jimme oan inoar forgroeid binne. Dat is neffens ús it wiere Lok. Folle goede winsken sille jimme dien wurde. Elts sjucht graech in jong minskepear, dat elkoar it djûrste pân jowt, lokkich wurdt. Earst strûkelt it wolris mar al gou kin men elkoar mear tajaan en sille tsjinstribbelingen út bliuwe. Us winsk foar jim hiele libben is en bliuwt: “Dat jimme de sinne altyd skinen sjugge, ek al sitte der tsjus’tre wolkens foar.”

Jim kinne ús mei jim troudei net forwachtsje, de reden sil ik fuort mar skriuwe. As alles goed giet, rekkenje wy er yn Juny op dat ús húshâlding greater wurdt. Wy binne mei ús fjouweren freed nei’t Hôflân west, it wier ús Ym har jierdei. Mar dat hat my tige min foldien. Wy bin’ mei de auto gien fansels, mar dat skokte my tefolle.

Wy bin fan plan om meiinoar, Heit en mem en wy, jimme in presintsje oan to bieden. Ho’t dat by jim komt is ús noch in riedsel. Miskien is er wol gelegenheit om it to forstjûren. Mar wy moatte earst dochs noch nei de bûrren ta, om eat gaedliks to finen. Ik hoopje al dat wy ris yn ’e kunde komme mei ús oansteande neef.

De droktme begjint by ús wer te kommen. Wy hawwe 12 nijmelke en alle dagen komme der mear by. Fan dy tolve ha wy noch alve kokealtsjes en twa bollen. Mar dy bin’

fansels allegear net mear, noch fjouwer moaie kokealtsjes. Us baerch hat bigge mar dat is mis biteard, hja hat njoggen bigjes brocht en der binne mar trije mear fan yn ’t libben. Dat koe better, n’t wier. Skielk fange wy, hoopje ik, lytse lamkes. Ik haw myn wouterke ek noch, Gé: datst witst noch wol tink. No dy is tige grou, as er mar net to folle lammen bringt.

Sjesa, no haw ik al hiel wat forteld. Sa njonkenlytsen begjint de maitiid to kommen. Alles ûntjowt him en dan brekt de moaiste tiid fan ’t jier wer oan. As no it waar ek mar foroarret, dat makket dan alles goed. Hwat in achelike lange winter, wy ha al skjin ‘s nocht. Alhowol steane wy er neffens in hiele bulte net min foar. Der is hea en kuil genôch foar de bisten. Dat is in hiele treast. As it mei jimme troudei mear net to kâld is, hwat dêr is neat oan.

Ho is jim’ koene in hûs krije tink en no der daelks mar yn, hwant oars is ’t wer fuort. De huzen binne krap tsjintwurdich. Ja, dat tink ik samar fansels, mar ik bin fêst net fier mis wol? Oars hiene jimme Maeije ôfwachte. Jimme komme yn Mildam te wenjen tink. Ek dêr ried ik nei of nêst. Ik hoopje al, Geeske, dat jimme, as alles goed to stoel en to bank is, ús ris opsykje, hwant dat sil mei ús yn ’t earstoan sa hurdt net rinne. O ja, wy ha twa arbeiders op Maeije, ien dêr’t de frou fan melkt by’t simmer. Ik haw it sa gnap úttocht, dat ik yn ’e ûngetiid net mei melke kin. No hawar as de arbeiders ús foartiid mar net wer opsizze. Wy ha lokkich in Baker dat, dat liket net sa min. No hoopje wy al dat jim ús ris skriuwe, oars witte wy jim nij adres net en komt it presintsje nea hear Gé!! Hoopje dat jimme hjir yn ’t earstoan genoegen mei nimme kinne.

Dit giet fansels ek mei út namme fan heit en mem en ek foaral de Groetnis, hear Jongeljue! En fan ús fjouweren de winsk: In lokkige troudei en dat wy guaris hwat fan jimme hearre.

 

Mei Folle Groetnis.

Jins nigt en nift

Hindrik en Sytske

fan

De Jouwer.

 

&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&&

 

Oan’t Griene Pear Kees en Geeske,

Hjirby ús hertlike lokwinske mei jimme houlik, en dat er mar in bult sinneskyn yn jimme houlik komme mei. Ek scil der wolris stoarmwyn oanbrûzjen komme, mar wez dan ienpearich en jim slaen der wol troch hinne. Dizze lokwinsk komt wol in bytsje let, mar dit kaam fan de drokte. Wij hiene oars doel hawn om mei jimme brulloft to kommen, mar wy koenen gjin húswardens by ús krije, hwant it lân siet ûnder wetter en it iis stikken yn de sletten dat der wier net by ús to kommen fan Grou ou. En nou Geeske moast stou mar ris in liske skriuwe om in presintsje hwant nou kin ik wol hwat keapje dat jim al dûbeld en dwers ha der is nou ek net folle oan. Wy tochten sa as jimme dat presintsje dan fan’t simmer ris op in snein kamen to iten en helje it dan op. Wy wolle ek wol ris oer komme mar de tiid; hwant min kin tenei

gjin folk krije dat wy kinne der súver noait tusken út. Jimme kij binne droech, is’t net wier. Wy habbe ien arbeider dat de manlju binne to gearre oer in beslach fan 50 bisten lyts en great. As it waer net gau feroaret dan ha wy ek to min fretten.

Hou is’t Geeske giest ek nog al folle út himmeljen? Ik bin allinnich mar hwat oan de gong. It sjit ek al wer op, ik moat no de keamer der wy altyd yn wenje noch en der achter. Us keamer is it ouroene jier gans opknapt.

Wy hearden fan ús folk jimme omke Wibe hie der west dat jim hiene in keamer krige fan in âldminske dus der mar by yn. Hwat is it ek min spul mei dy huzen net?

Us berntsjes giet it ek goed mei. Jehannes hat foar 14 dagen efkes nei it sikehûs west de amandelklieren masten der út. Hij scil nou moarn wer nei skoalle. Lytse Jac is in greate dogeniet sa kalm as Jehannes is sa drok is hy de mûle stiet him noait stil it is ek altyd like bryk mei him. Mar dy’t it kribbigst is dat is lytse Anneke. Hja is de jonges gau de baas. Us heit pleaget ús mem der altyd mei dat se lykt op beppe.

Nou ha ik fan alles ek al wer sa’n bytsje skreaun. Dus wij litte it sa. Geeske dou stjoerst ús efkes in listke mei it ien of it oar der op en dan komme jimme fan ’t simmer togearre. Wij moatte ús oantroude neef ek kennen leare. Dan earst al efkes in briefke hwannear jimme komme.

Groetsjend fan Hette, Imkje en bern.

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.