Ut de âlde doaze,
dat wol sizze,
ûnder út it âlde jildkistke,
tusken it trouboekje
fan heit en mem
en de geve Fryske brieven
fan famylje en kunde
foar harren houlik
yn 1948
Emden, 11-07-1954
Bêste heit en mem,
It is sneintejûn en wy tochten fuortdaliks efkes in briefke te skriuwen, sa’t jimme witte hoe’t of wy oankommen binne. Wolter hat ús ieretiids nei It Hearrenfean brocht en doe binne wy om seis oere mei de bus út It Hearrenfean fuortgongen. Der wie bûten ús rekkene mar ien oare passazjier, dat wy hienen de romte wol. Om acht oere wiene wy yn Grins en koene doe direkt yn ’e bus nei Wynskoat, wêr’t wy fiif oer njoggenen oankamen. Dêr moasten wy twa oeren wachtsje oant kertier oer alven. Dy twa oeren wachtsjen wie nochal ferfelend.
Dêrnei yn de bus nei de grins, dêr moasten wy by de Hollânske dûane útstappe, hjir waarden de paspoarten ôfstimpele en moasten sy de de bagaazje neisjen. Wy hawwe mar ien koffer iepen hân fan de fjouwer en doe wie it de hearen wol goed. Doe moasten wy omtrint twahûndert meter rinne om by de Dútske dûane te kommen en wer de passen sjen litte fansels. Mar omdat wy de lêste fan de buspassaziers wiene, wie it de manlju blykber tefolle muoite om alles nei te sjen, wy hoegden alhiel gjin koffer iepen te meitsjen. Dêr by de Dútske dûane troffen wy doe Geeske har mem.
Dêrnei moasten wy yn in Dútske bus fierder nei Leer. Dêr moasten wy omtrint in oere wachtsje en binne doe yn de bus stapt nei Emden, dat wie noch sa’n fyftich kilometer. Wy wiene om endeby om healwei trijen yn Emden. Doe wie it noch sa’n tsien minuten rinnen nei wêr’t wy wêze moasten. Geeske har mem wennet yn een lang breed gebou mei wis wol tweintich huzen oaninoar.
De jonges wiene noch skjin en droech, dus dat gie mar merakels mei ús twilling. Foar’t wy by de grins wiene hawwe sy eefkes sliept, mar net folle letter wiene se wer helder en hiene in soad skik.
No witte jimme dat wy goed oankommen binne en hokker reis wy hân hawwe. Wy skriuwe noch wol wannear’t wy wer thús komme. Untfang de hertlike groetnis fan ús allegearre, ek fan Geeske har mem.
Kornelis
Reactie plaatsen
Reacties