100 jier It Freonental Jonkerslân

Gepubliceerd op 29 oktober 2026 om 22:36

We binne úteinset mei it iepenloftspul as oantinken oan it 100-jierrich bestean fan It Freonental. Al ha ik dan mar sa’n 35 jier fan dy 100 meimakke, der leit foar my al hiel wat skiednis yn Jonkerslân. Dêr ha ik de lêste tiid wat yn om wrotten.

              Dat waard noch fersterke troch ús regisseur Lambert, dy’t dizze kear wat nijs yntrodusearre. Teminsten foar my. Foardat wy yn ús rol dûke, dogge wy earst guon bewegingsoefeningen, meitsje wy gekke lûden en springe hinne en wer en op en del. Dat alles om ús út de komfortsône te heljen. Jawol! En dat fyn ik bêst genôch, ik bin wol foar feroaring. Je moatte op it lêst ris wat nijs besykje, want tefolle noflikens is de dea yn ’e pot. Slimmer nboch, je ruskje fêst en it docht ferrekte sear om dat wer los te meitsjen.

Mei it lêzen fan de rol wurdt de betsjutting fan eltse sin útmetten en trochnommen. It is it útsprekken fan wurden fan wearde, it toanen fan emoasjes, it falle litte fan stiltes, al dat teätrale dat toanielspyljen no krekt sa machtich moai makket. En sa is der noch wol it ien en it oar, oer alles moat fierders goed neitocht wurde. Och, Appie Postma hat it doetiids ek mei ús besocht om der mear út te heljen. Dy koe sels ek moai spylje en dan die hy it ús foar hoe’t wy it dan spylje moasten. In hearlike tiid. Hiel oars as yn de tiid fan Ernst Dikkerboom (25 jier tebek), dy woe altyd mar de gong der yn hâlde. No moast dat doe ek wol mei al dy ferskuorrend lange âlderwetske toanielstikken. Tsien wiken, dan moast it stean. Mear tiid wie der net, want wy spilen hast altyd twa stikken yn in seizoen.

Jierrenlang regissearren wy ússels en dat gie prima. Spilers dy’t op basis fan ûnderfining  in trúkje trochjouwe kinne tige goed wat delsette. Bygelyks troch Hedy en Anneke. Prachtige stikken ha wy sa op de planken set. Miskien wienen ús ambysjes betiden wat te heech, mar as der wat minder spilers beskikber wienen koe der in groepke jeugd meidwaan. Moaie sprúten, dy’t letter trochbloeiden yn bysûndere rollen.

Sa gie it omtrint 98 fan de 100 jier by It Freonental. It is dochs geweldich dat dizze âlde dame noch meimeitsje mei dat de rezjy wer ris sa drastysk oan de nije tiden oanpast wurdt. Hulde foar dizze fitale bysûndere blom.

Jan

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.