Poadium foar samar in sipel

Gepubliceerd op 10 oktober 2026 om 16:58

It hat wol wat, sok hjerstich waar. De wetterdrippen dy’t dizze simmer ús gersfjild net berikten om’t se fier boppe de ierde al ferdampten, ha harren no opnij sammele en brûze omtrint fertikaal de tún yn. Baaseftich noflik waar om mei in tsjok fest om de skouders yn ’e kjeld fan it hok my te wijen oan myn basale skilderkeunsten. It is ekstra noflik om’t ik no better wit wat ik wol. Unwissichheid bliuwt fansels min ofte mear, mar dochs. It wie in syktocht fan sa’n fjouwer jier nei in eigen styl en bytiden wie it ek in stroffeljen yn selskastijing by it al mar meters meitsjen om dit ambacht wat fatsoenlik yn ’e bouten te krijen. Ik ha my ûnderrjochtsje litten, ik ha abstrakt wurke, oare tiden ha ik mei in soad en soms tefolle ekspresje fan alles en noch wat skildere en ik ha ek noch échte skilders kopiearre om sa myn eigen trant, sjenre, snjit of foarmjouwing te finen. En mei ik it sizze? It wie in syktocht mei tsjinslaggen en mânske teloarstellings, mei as dramatysk djiptepunt it troch midden seagjen fan in steapel yn myn eagen op dat stuit totaal mislearre skilderwurken. Mar hoe giet soks, úteinlik hat it hat my gewoan werombrocht nei myn alderearste skilderwurk, te witten it omslach fan Ale Alema’s De Heit. Wat stelde it no foar? Twa autobannen, in Jopie Húsman spikerjekje, in heaharke en it skilderij De Mona Lisa yn baas Alema syn garaazje.

Sok wurk doch ik dochs fierwei it leafst, it realisme fan dei op dei. Gewoan alledeiske, sljochtweihinne dingen skilderje. Guod dat wy withoefaak tsjinkomme en yn ’e hannen nimme, dingen dy’t ús ornaris net opfalle, bygelyks iterij út eigen tún. Wolris ien fan de fiif Nederlânske sipelrassen goed besjoen, of in jirpel? Oft it no in Frieslander is of in Eigenheimer, in Bintsje of in Biltstar, goed beskôge binne it allegear prachtige peareltsjes. Ik jou se graach in poadium, it leafst wat yn in tsjuster dekôr. In bytsje optille, faak wat oars yn it ljocht sette en sa min mooglik eftergrûn. Dan kinne we pas sjen hoe bysûnder en weardefol se binne, hoe moai de wrâld om ús hinne is en hoe kleurich. Wêrfan akte.

It is gjin keunst, it is gewoan in sipel.

Jan

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.