Fakânsje

Gepubliceerd op 10 juli 2025 om 13:20

Sandalen. Ik seach se stean op ’e oerloop. Sandalen fan ’e frou. Se stienen in eintsje útinoar, as hienen se krekt in stap set. De linker in bytsje skeef foar de oar, 15 sintimeter ferskil miskien mei de rjochter, dy’t wat nei rjochts draaid wie. Ik makke in foto. Miskien siet der in skilderij yn, mar dan mei in oare eftergrûn. Yn it sân miskien, op 'e râne fan ljocht skomjend seewetter of yn it gers dêr’t de ljipkes sa fan hâlde. In moaie metafoar foar frijheid yn simmertiid. Flechtsjend foar in idioate wrâld yn in yngewikkelde tiid, soe ek samar kinne. Alles is mooglik yn it each fan de taskôger.

Mar wêrom soe ik dêr fan dy nuvere skuon foar brûke? Alderwetske dingen, dy sandalen. De Romeinen rûnen der al op en tsjintwurdich bûten de frou om inkeld noch ferrimmetike babyboomers yn gloarwite spikerjaskes. Frjemde sigerige kringen, dy sandalen fan Dokter Oetker. No moat ik sizze, ik ha ek gjin moaie fuotten. Eange wite klompkes skonk binne it, mei kalkskimmelige neilen, altyd en ivich moat der in breiden of katoenen sokje om hinne. Lekker waarm. Mar dan wol yn gewoane skuon, gjin pro-biologysk sûne fuotbêd mei learen rymkes om switterige fuotten foar my. Bah.

Ik sit yn ’e tún en hingje wat achteroer yn ’e simmerstoel. Foar my yn it gers stean de sandalen op deselde wize as fanmoarn op ’e oerloop. Ik sil in foto nimme om se letter yn ferve te fiksearjen, mar de gedachten flutterje al wer by my wei. De sandalen litte myn tinzen dochs yn ’e  fakânsjesfear hingjen. Dat komt om’t wy noch in kar meitsje moatte om der op út, mar it is hjir yn Ald- en Nijhoarne sa noflik rêstich. De sinne skynt, lichtlik sigerich wyntsje, in glês koel wetter op ’e tafel, klassike toanen fan lysters út ’e beammen en de warskôging fan de LC hjoed foar allegear drokte op Europeeske hurdraversdiken dizze simmer. Wêrom sil je der dan op út om de stress op te sykjen? Boppedat hawwe wy al yn Ingelân west dat in fout lân wurden is sûnt de Brexit. It lêstige links riden is op rjochts ynhelle troch ETA papierwinkel, dûaneklieren en miljeu sônes. Dútslân hawwe wy ek al west, oan ’e Moezel dêr’t je sa alderaardichst moai fytse kinne as der mar net safolle ANWB-folk oan it toeren wie. Fjouwerbaans fytspaden fol mei rare grize Hollanners mei heechopsteande helmkes en in mânske I-phone oan it stjoer brûsden op e-bikes ús de Moezel by del. Doe’t wy nocht hiene oan in wyntsje oan de oare kant fan de Moezel fleach in sproei-fleantúchje oer de delte bylâns dy’t tonnen gif brûsde oer de Spät-Burgunder wynbeamkes. Lit mar. Dútslân is in ûnderûntwikkele naasje, amper in laadpeal te finen foar ús autootsje.

Yn gedachten prottelje ik noflik fierder. Eins wol ik it leafst it hiele jier mar thúsbliuwe, ek al sit it reizgjen my yn ’e genen, yn it bloed en yn ’e harsens. Rasjoneel is it allegear net. Fakânsje is ek net mear om ta rêst te kommen, dêr is gjin tiid foar. In sen-omjouwing om in goed boek te lêzen is tichtby ek wol te finen. Ik sjoch de sandalen stean, doch de sokken fol út en stap yn ’e skuon dan de frou. Sjoch, dat fielt goed! Fakânsje yn eigen tún.

Tsjin iterstiid sjoch ik dy sandalen bûten stean. It liket of is de frou der útnaaid. Dochs, yn it folle simmerljocht binne se no o sa dekoratyf. De bantsjes lizze los op ’e side, it hat suver wat eroatysk. Ja, alles is mooglik yn it each fan de taskôger.

Jan.

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.