Us moraal wol ha dat wy wiisheid net echt leare kinne út boeken, mar foaral troch ús fûleindich yn it libbensgewoel te jaan: der op út, oan- en trochpakke, iepen stean en ’e kop stjitte, leare, ûnderfine, skrieme en laitsje, fjochtsje en leavje, pine en wille, sêft wêze en ferhurdzje, leven en libben meitsje, de dea yn ’e eagen sjen, skea en skande opstekke ensafuorthinne. Us hiele libben binne wy drok dwaande om ’e skonken ûnder it gat te hâlden en mar hoopje dat der mei de tiid in pear kromkes libbenswiisheid eigen makke is. Dat we úteinlik akseptearje kinne wat wy grosso modo al dy jierren sa al útfretten hawwe. Dat wy tefreden wêze kinne mei wa’t wy stroffeljendewei wurden binne. Want stiet net as in wolkje boppe alle widzen skreaun dat in libben doel en sin hawwe moat?
Mar wat is libbenswiisheid? Is dat in singelier subjektive oangelegenheid salang as it duorret of sitte der allerhanne universele hoeken en hernen oan? Mysels ha ik wiismakke dat boeken my faak holpen hawwe om sin te jaan oan ’e gaos yn it libben en de rûge wrâld om my hinne. De lêste jierren lykwols mei ik my graach weromlûke yn in hoekje fan ’e wenkeamer om yn boeken myn eigen ûnderfinings en selsbyld te hifkjen oan wat oaren skreaun hawwe. Ik sykje sa, tink ik, yn de werklikheid fan oaren in soarte fan bekrêftiging fan myn eigen wiisheid. Dêr kies ik net foar, dat oerkomt my. Moat grif te meitsjen ha mei wa’t ik wurden bin. Ik lis en lês oan de liedbân fan myn eigen karakter.
Der steane genôch boeken op myn noch te lêzen boekelist, mar ferline wike ha ik my yn ’e winkel foar ien kear liede litten troch wat my yn it each kaam. Litte wy sizze dat dizze boeken my útkeazen hawwe. Foar in boekebon fan 25 Euro koe ik op ’e kop ôf Michael Schmidt-Salomon Op de schouders van reuzen keapje, dat as ûndertitel hat: “Tien grote denkers die je helpen de wereld te begrijpen”. De titel fan ’e ynlieding? “Een hoofd denkt nooit alleen”. Sjoch, dan hast my al te pakken. Darwin, Einstein, Marie Curie, Alfred Wegener, Carl Sagan, Epicurus, Friedrich Nietzche, Karl Marx, Karl Popper en Julian Huxley komme opdraven. It boek moat ik noch lêze, yn septimber giet it mei op fakânsje nei de Kaiserstuhl yn Dútslân. Jûns wat harsenskrabje, sa stel ik it my foar, by in goed glês Rheinwein en mei in grauwe punt Sachertorte út ’e Konditorei foar de greep.
Altyd sjen yn kasten mei ôfpriizge boeken! Ien foar fiif euro, trije foar in tientsje. It earste boek dat my yn ’e rekken krige wie in tsjokke pil fan De Bezige Bij út 2017 mei de kurieuze titel 4 3 2 1, fan Paul Auster. 941 Ivich moaie siden proaza oer fjouwer kear it krekt wer oare libben fan ien en deselde persoan, in Archibald Isaac Ferguson. Jierren lyn ha ik dêr in positive resinsje fan lêzen. En ik bin gek op positive resinsjes. Yn dit boek is de iene sin noch ravissanter as de oare. Dit is noch mar út ’e ynlieding, ien side oer syn mem dy’t doetiids yn 1944 yn New Jersey wennet, noch foar syn berte:
‘Newark wie in deade boel, mar it appartemint wie rûmer en ljochter as dat fan har âlden tsjin de rivier oer, en al it meubilêr wie nij (it bêste wat 3 Brothers Home World – ((de meubelwinkel fan har man en dy syn twa broers LS)) te bieden hie, dat faaks net it alderbêste wie, mar foarearst goed genôch), en doe’t se ien kear wer by Schneiderman oan it wurk wie, bleau de stêd in essinsjeel diel útmeitsjen fan har libben, har fierwei favorite, smoarge, alles opbealgjende New York, de stêd fan minskenantlitten, it horizontale Babel fan minsketalen. It deistich op en del reizgjen omfette in lynbus nei de trein, in ritsje fan tolve minuten fan it iene Penn Station nei it oare, en dan dêrnei in koarte kuier nei de studio fan Schneidermann, mar se fûn it reizgjen net slim, net as der safolle minsken wiene om nei te sjen, en se hâlde benammen fan it momint dat de trein New York ynried en ho hâlde, want dat waard altyd folge troch in koart momint fan rêst, as hold de wrâld yn stille ôfwachting de siken yn, wêrnei’t de doarren iepengiene en elkenien nei bûten streamde, it iene kompartimint nei it oare passazjiers it ynienen drokke perron op spuide, en dan geniete se fan de faasje en de doelfêstichheid fan dy kloft, elkenien dy’t deselfde kant opstode, hja as ûnderdiel dêrfan, der middenyn, tegearre mei al dy oaren op wei nei har wurk. It makke dat se har ûnôfhinklik fielde, mei Stanley ferbûn, mar tagelyk op harsels, wat in nij gefoel wie, in hearlik gefoel, en wylst se nei boppen ta rûn en yn ’e iepenloft opgie yn wer in oare kliber, sette se de stap nei West Twenty-seventh Street en stelde se har de oare minsken foar dy’t dizze dei nei de studio komme soene, de heiten en memmen mei harren jongedochters of- soannen, de jonkjes yn harren honkbalténu, de âlde troudelju dy’t neistinoar foar in fjirtich- of fyftichjierrich houliksportret sitte, de laitsjende famkes mei harren petsjes en lange jurken, de froulju fan de damesclubs, de manlju fan de hearenclubs, de aspirant plysjemannen yn harren blauwe unifoarmen en, fansels, alteast mear soldaten, soms mei harren froulju, freondinnen of âlden, mar meastentiids allinne, iensume soldaten op ferlof yn New York, werom fan it front, of op ’e streek stean om wer earne te deadzjen of deade te wurden, en hja bidde foar har allegearre, bidde dat se allegearre werom komme mochten mei de earmen en skonken oan de noch azemjende liven, bidde alle moarns as se fan Penn Station nei West Twenty-seventh Street rûn dat de oarloch gau foarby wêze mocht.
It ferwurdzjen fan ’e gaos is al it begjin fan sinjouwing, dêrom fyn ik lange rigels mei gâns opsommingen ek sa fassinearjend. Ik ha it sels meimakke, yn ’e jierren dat ik yn New Jersey wenne en alle wykeinen mei de bus en de trein út New Brunswick ûnder de Hudson troch nei Central Station yn New York City reizge om my yn dy oerweldigjende drokte ta te setten en de iene nei de oare bysûnderheid fan dizze stêd te sjen dat my fan alle kanten wer altyd oer it mêd kaam.
En dan wie der noch in boek dat ik earder hie, mar weijûn ha, en o sa graach wer yn besit ha woe om de kolleksje fan dizze auteur wer fol te meitsjen en noch in oar boek grôtfol sonnetten om’t ik dêr sa gek op bin en ea miende dat ik dy kringen ek o sa maklik meitsje koe. En dat alles foar mar in tientsje. Wat is myn hoekje fan ús wenkeamer dochs in noflik plakje yn dizze ferbjusterjend besopen wrâld fan tsjintwurdich.
Sels it beletterjen fan in protestboerd is al it begjin fan sinjouwing, in libbensteken fan wiisheid? Dêrom takom wykein mar wer nei De Haach om te protestearjen.
Lomme.
Reactie plaatsen
Reacties