Ule ûnderkommen

Gepubliceerd op 9 november 2025 om 17:30

It nije ûnderkommen foar de ûlen hie ik tegearre mei myn grutte broer yn ’e beam by de buorlju skroeve. It wie in kreas en skoander hok wurden, al sis ik it sels. Sa as besteld, twa sliepkeamers, en in feranda oer de hiele breedte. Ik wie miskien in bytsje trochslein wat de details oanbelange. Der sieten frijwat wat rútsjes yn, fleurige blombakjes oan ’e bûtenkant, in skoarstientsje op it skeve dak, in soarte fan keuken mei kastkes en op in lyts kookeilân bakjes mei ôfbyldings fan mûskes op ferskate gruttens. Flauwe grapkes fansels, mar ja, je moat josels wat fermeitsje kinne om it grau yn ’t libben minder griis te meitsjen.

In wike lang hiene we de ûlen net sjoen. Wol spotte ik in oantal kearen in stel iikhoarntsjes yn it houten bungalowtsje. Se hienen wakker nocht oan ’e bakjes op it oanrjocht en boarten o sa leaflik mei de deksels fan dy bakjes. Op in moarn betiid, ik hie mysels krekt in farsk bakje kofje ynjitten en de sudoka yn ’e LC bleatlein en oanklaaid, seach ik de grize ûle as foar pampus ûnder de beam op ’e bleek lizzen. Ik wie samar bûten. Hy lei der nuver by, mar wie oansprekber. Boppe syn linker each in grutte bulte. Ik naam him mei yn ’e hûs en lei mijend in wiet doekje op syn foarholle. Ik frege oft der in pleister op moast, mar hy wist wat betters.

‘Miskien soe in bekje bearenburch no gaadliker foar my wêze.’

‘Soa, moarns al oan ’e drank,’ brocht ik der tsjinyn, ‘it moat net mâler!’

‘It is ommers medisinaal,’ sei de grize.

Moai dat ûlen, lyk as wy minsken, fuortdaliks in ekskús foar hannen hawwe om fan ynperkende protokollen ôf te stappen.

‘Hast gelyk,’ sei ik.

Grize krige wat fan it medisinaal drankje yn in skaaltsje. Ik frege wat der bard wie.

‘Oe, ja,’ spatte grize op, ‘myn maatsje is fêst noch yn ’e slach mei dy reade ynbrekkers.’

Wy fûnen de brune op it fytspaad. Hy jammere nochal wat en sloech mei syn flerk op ’e tegels. My die it tinken oan in frustrearre fuotballer, dy’t nei in lyts tackeltsje him omfalle lit foar in goedkeape frije traap. Ik tilde de brune op ’e earm en aaide him oer ’e holle. Hy snottere der oer en hie de triennen yn ’e eagen. Suver oandwaanlik. Soe er dochs pine ha? Miskien wienen it triennen fan lilkens. Ynienen wiisde er woest nei boppe yn ’e beam, nei it nije ûnderkommen. Dêr stiene twa iikhoarntsjes op de râne fan it bungalowtsje, hannen yn ’e side en de sturt fier omheech. Read oanrûn.

‘Dit is ús hûs!’ snaude de grutste fan de twa iikhoarns. Ik besocht it út te lizzen, mar wist eins al hoe it ôfrinne soe.

‘Hielendal net,’ sei ik, ‘dit hok ha ik spesjaal boud foar myn freonen de ûlen hjirre.’

‘It hat wol in hiele wike leechstien!’ sei de lytse, ‘dan ferfalle âlde rjochten.’

De brune rûn read oan. ‘Wy hawwe in wike lang yn retrête west om by te kommen fan it wenjen yn dizze nijbouwyk hjirre, mei al dy herrieskoppers fan brommers en oeral drokke 70-plussers om ús hinne. Dan kin je dochs net samar in ûnderkommen kreakje. Stel reade noazems!’

‘Net skelle,’ sei ik as wie ik in kantonrjochter. ‘Ik stel foar dat jimme út dat ûlehûs komme, dan kinne dizze twa freonen einliks fan harren nije hûs genietsje en timmerje ik wat nijs foar jimme moaie iikhoarntsjes.’

‘Wat in moaiprater,’ sei de grutte reade,’ wy geane hjir fan ús libbensdagen net mer wei. Boppedat, ús hiele winterfoarried oan ikels leit hjir al opslein.’

‘Wat,’ raasde de grize ûle, ‘it hiele hûs fol mei dy stjonkende ikelrommel? Ik wol der al net iens mear yn wenje.’

‘Mei iens,’ rôp de brune. ‘Ik fyn de kleur fan it hout oars ek fierstente ljocht. Smoar mar yn jim ikelhok,’ raasde er tsjin de iikhoarntsjes.

 

Mei it smoar yn timmere ik dy middei in nij hok fan swart hout en sûnder al tefolle tierelantijntsjes. It is dochs wat dat sels myn beide ûlenkennissen, dochs symboalen fan ferstân en wiisheid, ek al fan sokke benearjende minsklike trekjes hawwe.

Jan

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.