Sinteklaas

Gepubliceerd op 29 november 2025 om 22:26

‘Wat wie dat foar in nuvere optocht, hjoed.’ It is de grize ûle dy’t my dat freget fanôf it deksel fan de griene biobak.

‘Optocht?’

‘Ja. Ik seach in âld man yn read-roomske klean mei in joekel fan in oanplakt burd ûnder syn bakkes en wat soademiters der boppe op, yn in iepen auto mei nuver oanstellerich jongfolk dûnsjend dêr om hinne. Ha jimme no al karnaval?’

‘Ah dat! Dat wie Sinteklaas! Us o sa goedhillich man. Hy bringt kadootsjes foar de bern.’

‘Werklik?’ De grize sjocht ferbjustere.

‘It is in mearke, fansels. In ieuwenâld gebrûk, ús wichtichst folksferhaal, in prachtige oerlevering.’

‘Hmm... In mearke? Flauwe kul. Appelsmots! Dêr binne wy dochs te nofteren foar.’

Dus fertel ik myn freonen dat wy, minskebern dy't har noch ferwûnderje wolle, dizze tradysje no krekt sa aardich fine, ja sels nedich hawwe, en it alle jierren fiere mei ús bern en bernsbern. ‘Dan meitsje wy foar inoar de moaiste surprizes mei altyd, echt altyd, in gedicht. It iene noch fernimstiger as it oare.’

De grize gnysket: ‘In gedicht? O, mar dat fynt myn maatsje wol aardich wurk. Dy kin ferrekt goed rymje.’

‘Witst wat?,’ freegje ik, ‘ik meitsje foar jimme in surprize mei in Sinteklaasgedichtsje en dan dogge jimme dat ek foar ús.’

De oare moarns wachtet de grize my op by de doar fan it hok. ‘Hokker kadootsje moat dat dan wêze, dat wy by it gedicht dwaan moatte?,’ freget er. ‘Wy kinne neat meitsje, allinne ûleballen.’

‘O, lit dan mar. Inkeld in gedicht is foar ús moai genôch.’

 

Fjouwer desimber sil it barre. It hok is opromme, der stean in pear bakjes mei pipernuten, in plankje mei mûzen fan sûkelade en oar snobbersguod. Ik woe noch in bakje mei drank foar de ûlen delsette, mar ik fielde in wisse ferantwurdlikheid. Fan har libben koenen de ûlen noch gjin achttjin wêze.

Yn de lette middei sitte wy der mei ús trijen der klear foar om te fieren. De ûlen op de ezel, ik op myn skilderskruk. Se sjogge skruten nei de sûkelademûzen, mar sette der gjin bek op. Wy ite wat, de brune wol der wat drinken by ha. ‘Jo hienen lesten sa’n hearlik medisyn. Helje dat mar foar ús op,’ seit er brutaalwei. ‘It is tsjin de senuwen, want ik bin wat út myn lykwicht. Mar ik ha der wol in botte nocht oan, oan dizze oerlevere tradysje fan jimme en foaral oan myn eigen gedicht.’

As se letter noflik oan de Bearenburch labberje begjin ik mei myn eigen foardracht. Ik gean der by stean en kochelje in kear.

 

Ahum... Langearige ûlen!

Pracht buorlju mei

Uleballen as hângranaten

Sinnich mei húsfestjen

Mear slûch as slûchslim

Mear...

 

‘Wat??’  It is de brune ûle dy’t opspat. ‘Slûchens hat neat mei tûk wêzen te meitsjen.’

‘Och juh, it is mar in grapke, moat kinne yn sa’n Sinteklaasrym. Ommers, hoe gekker hoe moaier’, bring ik der tsjinyn.

De ûle is fûl: ‘Rym? Rym? It rimet net iens! Hâld mar op. Myn fers is better. Folle better.’                 

‘Ja, dat is wier,’ seit de grize en klapt mei de flerken. ‘Werklik in prachtgedicht.’

‘Dan moat dat wol hiel wat wêze,’ sis ik wat rekke.                                                                                       

Brune kochelt earst ek. Hy bringt it hiel teätraal. Ut de bleate holle en mei in soad gebear.

Ahum, ahum.. Neat wisten wy fan ’t feest fan Sinteklaas,

Fan gedichten, surprizes en oerdwylsk geraas,

Fan pipernuten, pakjes en snobbersspul.

Wat in nuvere gewoante, wat in freeslik flauwe kul!

 

De grize ûle slacht hast dûbel fan it laitsjen. ‘Is it net geweldich: Flauwe kul! Rimet prachtich. Wat is in kul trouwens?’ freget er dan.

 

Wy hiene nea heard fan sa’n gebrûk

En ornaris binne wy as ûlen dochs sa tûk

Mar ja, net oansluten op ynternet yn us beam

En gjin mobyltsjes krigen nei ús kream

 

‘Dat is wat in nuvere sin,’ seit de grize, ‘is wer minder.’

‘Mar it rimet wol!’ batst de brune der grimmitich oerhinne en sjocht my eigenwiis oan.

 

Gjin laptop om te sjen of te hearren

Gjin earkes yn achter de fearren

Wat lit it minskdom ús mear net sjen?

Sit der mear yn ’t fet foar jim bedoarne bern?

 

In oanklaaide âldman bygelyks mei in slide op ‘e fljocht?

Mei rendearen en krystbeammen mei stjerren en allegear ljocht?

Dat jout neat hear, wy laitsje al as in geitebokje

En jou ús no mar fêst in nijjiersslokje.

 

Ik woe mar sizze, wat wy hjir no eins bedoele,

Sokke slokjes binne krekt wat foar sa’n slûge ûle

As myn maat, op dit prachtich feest foar jim kroast.

Mei myn eigen slokje derby sizze wy beiden: proast!

 

De brune sjocht grutsk om him hinne en ik klap yn ‘e hannen. ‘Knap hear! Prachtich!’

De grize klapt ek, mar hat al wat krityk.

‘Dy lêste strofe wie wat minder...’, seit er sunichjes.

Dan ynienen fleane de ûlen fuort. Ik hie noch in pakje foar harren, mar dat moat dan mar mei kryst.

Jan

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.