Langstme

Gepubliceerd op 6 december 2025 om 14:47

Grif alle dagen komt tsjintwurdich de grize ûle wol in kear it hok ynfleanen. Alles went, sa kjel wurd ik net mear fan 'e ynkomst fan myn gladiatoaren en it klapperjen fan de flerken. Oer it algemien folget der dan in fleurich petear oer hiel banale saken, mar no begjint de grize daliks oer syn maatsje, de brune ûle.

‘Sûnt Sinteklaas is der wat oars yn syn hiele hâlden en dragen,’ seit er. ‘Ik meitsje my soargen.’

‘Hoesa?’

‘De godsgânske dei is er oan it dichtsjen.’

‘No, dêr hoechsto dy dochs net oer yn te sitten? Eins is dat dochs geweldich? Wat is der no nofliker en skoaner, ja wêzentlik wichtiger as foar de fûst wei in hiele dei dichtsjen?’

‘Ja, no ja... Al dagen is er mei ien en itselde gedicht dwaande. Hy slûget net mear, hy stoareaget mar wat foar him út, brekt him de bek net iepen en begjint alle kearen wer fannijs op oan.’

‘Dat is apart. Sil wol in bysûnder wurkstik wurde moatte. Hoe giet it dan?’

‘Wilens ha ik it minstens hûndert kear heard. It fariearret, mar dizze kaam it meast foarby:

 

De langst

Nei It Reagerbosk

Sa’n lêste flecht

Yn, oer en út myn wrâld

Ik moat werom

Op âlde wjukken

Werom nei it wâld

 

‘Tsjong,’  sis ik en begryp de grize syn soargen. ‘Wêrom altyd itselde fers werhelje? Moat it fierder útwreide wurde? Of wit er sels net wat no krekt syn langsten binne?’

‘Ik ha it him frege, mar hy wol der neat oer kwyt. Hy húsmanne de lêste tiid hieltyd mear efter syn fearren.’

Sa kinne jo fansels in depresje ek omskriuwe. Dochs sit ik noch mei in oare fraach.

‘Wêr stiet yn dat gedicht it wurd ‘wâld’ eins foar? Is dat ‘de bosk’ of bedoelt er ‘It Wâld? Oranjewâld?’

De moaie grutte eagen ljochtsje op as in dûbelde Poalstjer boppe De Deelen.

‘Dat is it fansels! Ik tocht ek dat er werom woe nei de bosk hjir by de Kiekenberch, mar it is It Wâld fansels. Dêr wennet Blondy ommers!’

‘Wa, yn ’e goedichheid, is Blondy?’

‘Tsja, hoe sil ik it sizze... In mem fan syn neiteam.’

Dit moat ik efkes ferwurkje.

‘Dat begryp ik net. Hoe sit it dan mei jimme ûnderlinge relaasje?’

Ik wiis nei brune foar syn hok heech yn ’e beam. ‘Ik wol jim ûlen net al ús minsklike gewoanten en ferhâldings tadichtsje, mar ha fansels wol fan alles betocht. Ik woe it eins nea freegje. Binne jimme no maten, freonen, of binne jimme troud? Twillingbroers miskien?’

‘Wol nee. Hy is myn omke.’

‘Okee... En de froutsjes, dy wenje earne oars?’

‘Ja, dy wolle ús net op deselde takke hawwe. Krekt nei de winter, dan meie wy ien kear delkomme, by de graasje fan ’e garaazje.’

‘Mar dy Blondy, dêr yn It Wâld, hat dy eat bysûnders? Hat se hie wat ekstras’

‘Ekstras? Myn gewoante is it oers net, mar omke wol. Hy moat altyd noch op reserve rinne kinne.’

No moat ik trochfreegje, oars wurd ik der yn wei. ‘Mar dat gedicht fan him hat wat mankelyks, ja sels wat fataals. Miskien is dyn omke finaal oan it ein fan syn libben?’

‘Nee, leau ik net. Mei it dichtsjen hat er gewoanwei in útwei fûn om syn langstmen foarm te jaan.’

Is it net geweldich dat ek ûlen sitte te harsenskrabjen? Is myn skilderjen miskien ek sa’n ferwurking fan myn ûnmjitlike tekoartkommings? Of komt dit trochdat ik tsjin myn demintens oan sit?

In wike haw ik ûngerêst west, mar fan 'e moarn sieten se der wer. Ik wie út ’e skroeven en sjong it hast út. Omke gie in takke heger sitten, de grize kaam op my ta.

‘It gefoel fan omke wie op syn plak. Allinne is Blondy stoarn. Wy binne in pear dagen by de famylje bleaun. Mar omke sit al wer te dichtsjen. Syn langstmen binne grutter as de wrâld.’

 

Jan

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.