Op in jûn yn juny 1897 sieten yn ’e Ljouwerter húskeamer fan de rjochts-liberale wethâlder Jelle Troelstra fiif mannen oan ’e itenstafel. Dêr wie, mei syn strange Hindenburg-likenis, de âlde Jelle Troelstra sels, in man dy’t dan wol sa koppich en ûnbûchsum wie as in ezel, mar nei syn bern en pakesizzers op syn beurt mei in dichterlike fantasy en in soad humor bêst in gesellige man wêze koe. De twadde man oan tafel wie dy syn politike striidmakker Adriaan Burger, dy’t er dy jûns spesjaal útnûge hie as polityk tsjinwicht tsjin twa oare betûfte politisy yn ’e keamer, beide Amsterdammers fan Siuwske komôf: Pieter Tak en Floor Wibaut. Tak soe twa jier letter lid wurde fan ’e SDAP en nei seis jier sels foarsitter. Fierder wie er, nota bene foar it kiesdistrikt Frentsjer, lid fan ’e Twadde Keamer. Wibaut, in rike sakeman, soe noch yn itselde jier 1897 lid wurde fan de SDAP en yn 1914 wethâlder yn Amsterdam. Yn ’e tweintiger jierren soe Wibaut algemien beskôge wurde as de offisjeuze ûnderkening fan Amsterdam. Dat dizze hotemetoaten hjir yn Ljouwert samar op in dei troch de wike mei-inoar oan tafel sieten hie alles te meitsjen mei de fiifde man yn ’e keamer, de sânentritich jierrige Pieter Jelles Troelstra.
Pieter Jelles wie dat jier by de ferkiezings foar de Earste Keamer de SDAP-kandidaat foar trije noardlike distrikten. Yn it distrikt Ljouwert wie by de earste stimming tusken de trije kandidaten de liberale kânshawwer, dus de gadingmakker fan âlde Troelstra syn partij, ôffallen. By de twadde stimming kaam Pieter Jelles tsjin in beskate Carel Victor Gerritsen oer te stean, in yn ’e eagen fan sawol de linkse as de rjochtse steatkundigen yn dy iterskeamer in fierstente radikale man. Want dy Gerritsen wie nammentlik oprjochter fan de Radikale Boun, neat minder as in feminist, in hertstochtlik pleitbesoarger foar algemiene, frij tagonklike bertebeheining. Tusken heakjes, dy Gerritsen wie troud mei Aletta Jacobs, de earste froulike dokter fan Nederlân. In provo avant la lettre, mei syn krityske hâlding tsjin de besteande bestjoerselite. Nee, fan dy Gerritsen moasten de pommeranten dêr yn Ljouwert hielendal neat hawwe, dus de âlde Troelstra en syn maat Burger koenen net oars as Pieter Jelles stypje tsjin dy nuveraardige bûtensteander, dy’t trouwens net iens in akademikus wie.
Antipaty tsjin dy Gerritsen oer wie yn dy húskeamer it iennige dat de fiif manlju yn polityk opsicht mei-inoar ferbûn en dat wie dus ek krekt it iennige dat ûnder it iten troch besprutsen waard. No, it iten wie bêst en alles gie goed, de wyn wie lekker en de twadde noch better. Eins koe de âlde Troelstra it mei dy twa evenredige en trochbedaarde manlju it wol pratende hâlde. Wiene dit no dy ferneamde ferfûlde reade opstokers? Doe’t by it neitafeljen it ûnderwerp Gerritsen wol sa’n bytsje lang om let besprutsen wie, koe de âlde Troelstra it net litte en weidzje wat út oer syn rjochts-liberale opfettings, bygelyks oer sokssawat as it doel en nut fan frije konkurrinsje. Hy kaam doe mei de folgjende ferliking op ‘e lappen. ‘Sjoch,’ sei er, en hy wiisde op 'e keamersdoar achter him, dy’t de lytsfaam by it ôfromjen iepenstean litten hie, ‘as ik hjir op ’e sigen sit en jo, mynhear Wibaut, net, stiet it my frij, jo yn earlike konkurrinsje fan dy bettere, siichfrij plak te ferkringen.’ ‘Troelstra,’ andere Wibaut, ‘yn dat gefal reagearje wy sosjaal-demokraten oars: dan komme wy út ’e stoel en dogge wy de doar ta.’ En hy foege de died by it wurd.
Sa stiet it skreaun yn it boekje mei de titel ‘Mijn vader Pieter Jelles’ fan Jelle Troelstra jr, (siden 29-30), in útjefte fan wa oars as N.V. De Arbeiders Pers út 1952, it hillige jier dat wy berne binne. Dat boekje fûn ik hjoed yn in boekekastke by ús om ’e hoeke. Doe’t ik it boppesteande tsjinkaam moast ik tinke oan de hjoeddeistige formaasje foar in nije regearing, dêr’t de sosjaal-demokraten, of wat dêr tsjintwurdich noch fan oer is, wer yn in ûnderskikkend rol belâne binne. It konsept begjinselprogramma fan de nije partij PvdA/Groen Links (‘Progressyf Nederlân’?) stiet bol fan solidariteit en rjochtfeardichheid, en dêr giet it fansels ek om, mar tinkst dat se dêr de striid mei winne kinne tsjin de glêshurde stânpunten en iiskâlde strategyen fan in hechte kliber rjochtse partijen, Big Tech en megalomaan grutkapitaal? It sil der wol op útdraaie dat it ynearsten noch in skoftsje sigen bliuwt.
Lomme
Reactie plaatsen
Reacties