Skrabspoaren

Gepubliceerd op 14 januari 2026 om 21:41

Ik wit net hoe’t mei dy is, mar as ik op fakânsje bin mei ik graach wat oer in tsjerkhôf strune. Noch leaver rin ik de tsjerke yn om in amerij wat te priuwen fan folsleine rêst en ivige frede. Hasto dat no net? It moaiste noch binne foar my kleasters, abdijen en katedralen, wat âlder, grutter en goatysker namste moaier (allinnich oan alles wat Barok is ha ik in gloeiende hekel: de nepgoudene tierelantyntsjes dogge my alle kearen wer sear oan ’e eagen).

It kin net oars of eartiids, minstens tweintich libbens lyn, moat ik in muonts west hawwe dy ’t âlde manuskripten kopiearre yn sigerige kelders by it strieminne ljocht fan manshege drippende kearsen en ûnder it wreed tafersjoch fan de monk mei de dikste bierbealch dy’t grif troch it kanonike libben stappe ûnder de namme fan Bonifatius de Safolste.

 

Mar eins woe ik it hjir mei dy ha oer Willem Schoorstra fan Ternaard, do witst wol, dy fan Grutte Pier fan Kimswerd en fan de Codex Frisicus en fan de Edda, ien fan de wichtichste Fryske skriuwers fan dit momint. Syn lêste boek, dat pas in pear moanne lyn útkommen is, draacht te titel Ferburgen Fryslân/Hidden Frisia. Hast noch noait sokssawat lêzen! It is prachtich ynbûn boek fan sa’n 375 siden, tagelyk yn it Frysk en yn it Ingelsk, grôtfol foto’s en leadswier. Kinst dêr de duvel mei in gat yn ’e kop slaan. Dat boek giet oer, en no sitearje ik de achterkant fan: “…lytse en ûnopfallende saken, stille tsjûgen fan it minskebestean troch de milennia hinne, lykas tekens op muorren en kúmkes yn swerfstiennen… myte, magy en religy…” Ien fan dy dochs opfallende ferskynsels dy’t Schoorstra beskriuwd binne saneamde skrabspoaren.

 

Moatsto ris goed sjen by dat tsjerkje by jim yn Nijhoarne, oft by dy fan Mildaam, Aldskoat, Ketlik of Rottum of wêr dan ek mar yn jimme omkriten (foar myn part ek yn Ysbrechtum, ast in net te betwingen ferlet fielst om de grêven fan tante Coba en omke Wiebe dêr op te sykjen). Rin in pear kear om it tsjerkje hinne en sykje skrabspoaren! It kinne trouwens ek skaafspoaren wêze. En no komt it, dat binne gjin spoaren fan bygelyks it slypjen fan ark of it mei de boerewein te krap nimmen fan in bocht, se komme ek net troch it waar of troch kûgels en it is ek gjin bernewurk. Nee, minsken hawwe bewust ‘stienpoeier’ of grús skrabbe út ’e muorren fan ’e tsjerke om dat te brûken as medikaasje óf om de duvel ôf te warjen! Meastentiids sitte dy spoaren oan ’e bûtenmuorren, mar kinst se faaks ek yn ’e tsjerke sels fine, benammen by bychtstuollen en op doopfonten. Ferlossing en genêzing is oeral oanwêzich, ast mar sikest… Meitsje dêr mar ris in moai skilderij fan!

Lomme

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.