Hoe is it mooglik, dy aparte ûnderfining ha ik sels ek by tsjerken. Yn Fryslân hawwe wy fansels peareltsjes fan tsjerken, de iene noch âlder en moaier as de oare. Hjir rûnom Aldhoarne is der ek in behoarlik tal. In bytsje doarp hat sa’n monumintale tsjerke, lokkich de measte behoarlik sober fan aard sûnder al tefolle babbelegûchjes. Faak stean se pontifikaal midden yn it sintrum of in bytsje op ’e hichte lykas yn de Himrik of moai ferskûle tusken it grien, bygelyks yn Olterterp en Jobbegea-Skuorregea. Geweldige gebouwen dy’t wy allegearre beskermje moatte.
As jong broekje fan elektrisien ha ik begjin santiger jierren op ‘e souder (‘de himel’...) fan it Mildaamster tsjerkje nij tried troch de izeren buizen lutsen. It tsjerkje dat sa ticht by ús famylje stie, dat it einst ek in bytsje fan ús wie, want pake en beppe wennen der neist en lizze dêr no yn ivige frede op it hôf. Of is dat ek al ferline tiid? Beppe leaude, sy noch wol, mar oan my is soks is no net bepaald bestege. Wat koe ik my ergerje oan har hâlding fan devoasje. By har stjerren begjin santiger jierren, doe’tsto noch yn Amearika sietst, waard yn ’e tsjinst troch de dûmny allinne mar reklame makke foar it leauwen, wylst dy earwearde gjin inkeld wurd weide oan it hurde libben en ynleaf karakter fan it frommeske dat ús beppe wie. Fan klearebare lilkens koe ik doe alle stiennen wol losskrabje om dat tsjerkje ynstoarte te litten en it hiele godsbegrip derby ynbegrepen. Foar dy keardel gie it godlik gebod boppe de minsklike leafde, in behoarlik ferkearde foarstelling fan saken yn myn eagen.
Sis no sels, sobere tsjerkjes passe better by ús aard fan leauwen fan doch mar gewoan. Dochs sit dêr In tsjinstelling yn, want ik kin bjusterbaarlik genietsje fan de ymposante katedralen fan safolle ieuwen lyn. Al dy bylden, al dy keunst, dy ûntsachlik dûzeljende hichten, dat ljocht troch it meast himmelsk glês-yn-lead ruten. Mar altyd wer fan de weromstuit de ûnderhûdske argewaasje fan de net-leauwende mar hurdwurkjende arbeiderssoan oer al dy opperflakkige opskik. Neffens my hoechst net twa kear te rieden hoe’t it machtsregear fan de tsjerke úteinliks it jild dat dêrfoar nedich wie byinoar skoaid, skarrele of stellen hat. Magy en gûchelkeunsten om it ûnbelêzen folk fan doetiids te ymponearjen en se mei hûd en hier nei en foar en op de gouden pipen fan it kristlik oargel dûnsje te litten.
Mar wêrom sil ik my no noch lilk meitsje? Alle tiden hawwe ûnwissichheid, sels ik ha ferlet fan in fêste syklus en/of struktuer om argewaasjes oer it bestean oan op te hingjen. Dat dit wie it dus foar hjoed. De kofje stiet brún mei myn Mariakaakje op it pantsje en dêrnei, lykas alle dagen, noflik in pear oerkes skilderje. Moatsto ris sjen hoe’t ik al oan it oefenjen bin om myn takomstich earste oerpakesizzer poppeheech te skilderjen yn in glês-yn-lead rút fan in tsjerkje dat treflik liket op dat fan beppe Mildaam begjin sechtiger jierren!
Jan
Reactie plaatsen
Reacties