Oade oan it rûkersguod

Gepubliceerd op 12 april 2026 om 19:34

 

 

Ik sweve efter jo oan nei boppen

Yn ’e omrinwinkel fan de oksepripper

Triem foar triem haw ik jo besnuve

Willich as in loene lotbeskikker

 

Want och, wat rûkte jo lekker, mefrou

Nei tateblomkes en toverhazenút

Nei heidehúning en kraaltsjeblommen

Yn ’e omrinwinkel fan de oksepripper

 

Ik wie tige op jo stal fiksearre

Jo droegen suêdeskuon sa giel as sân

Fjouwer smelle skouderbantsjes

En in trouring oan jo rjochterhân

 

Mar wat rûkte jo dochs lekker, mefrou

Nei Acapulco Gold en bûtere klûtsjebôle

Nei patsjoely en besjerpe pankoeken

Yn ’e omrinwinkel fan de oksepripper

 

Boppe stiene jo foar in steande spegel

Ik haw jo doe temûk beglûpe

En helle jimme beide oan yn gedachten

In twilling yn dûbelbleate simmerjûpe

 

By ’t opskikguod pakte jo in halsketting

Jo beseagen it yn wytgleon neonljocht

Uteinlik keazen jo in koperen doekspjelde

Ik tink út skaaieskarrel libbensnocht

 

By de platekast bûgde jo fier foaroer

Sa seach ik doe dy iene inkelplak

Ik soe wat sizze, ik woe wat dwaan

Mar dat wie altefolle ûngemak

 

Wat rûkte jo dochs lekker, mefrou

Nei piña colada op Karibyske strannen

Nei dreamidylle en mankelikens

Yn ’e omrinwinkel fan de oksepripper

 

Ik sweve foar jo fuotten de trep wer del

Mei in kopy fan in Russyske ikoan

Och hearkes, wat woe ik jo oanbidde

En wat fielde dat deagewoan

 

Wêr fûn ik jo sa lekker nei rûken, mefrou,

Yn ’e omrinwinkel fan de oksepripper?

Nei subtile deftichheid of Switsalsalve?

Nei goederjouskens of mem har âldeklonje?

 

Jo feintsjelok wie sa wolbehaachlik, mefrou

Ik sweefde op nostalgyske hertstocht

As oantinken oan jo swiete krêft, mefrou

Haw ik foar in kwartsje dat kettinkje kocht

 

Lomme

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.