Sieleûndersyk

Gepubliceerd op 24 mei 2026 om 19:58

It antlit fan de psychiater is ynienen in portret fan skrik en fernuvering, as ik syn praktykromte ynstap. En dat is miskien wol te begripen. Op beide skouders haw ik in ûle. Links de grize jonge ûle, rjochts de brune âlde omke.

Dokter Van Halen sjocht my earst in setsje oan, dan kochelet er in yrritaasje fuort en wiist nei ien fan beide stuollen dizze kant it buro. Ik sjoch him tinken. Hy wol my blykber mei myn fûgels noch net op ’e bank lizzen ha.

‘Ik fiel my no net bepaald serieus nommen ,’ seit de sielekniper.

‘No, dat hie ik al by ús earste sesje, dokter,’ sis ik.

 

Wat is it gefal? De famylje hat der bot op oantrune dat ik my ûnder behanneling stelle soe fan in psychiater. De ferhalen op myn site oer myn tige persoanlike avontueren mei ûlen fûn de famylje al net al te fris, mar nei’t der in stikje yn de nije glossy doarpskrante stean hie, wie ik blykber oer in grins gien. Se skammen har dea, de goegemeente. ‘Heit praat mei ûlen!’ ‘Heit is gaga!’ Earst woe ik fansels neat witte fan in petear mei sa’n dokter, wêr bemuoit de famylje har wol net mei? Lit my as âld man no mar gewurde, wiisheid komt mei de jierren. Mar om earlik te wêzen, hie ik my ek wol ris ôffrege oft ik wol echt doogde. Ik bin dochs net gek? Want wat is wiisheid? Begjint dat no krekt net mei wifeljen?

Mar ja, ik praat werklik mei myn ûlen. Ik begryp de ûlen. En sy my. Wy fertelle inoar fan alles, wy redendiele, wy witte fan âld en nij, wy wikselje gedachten út, wy hawwe betiden spul, wy laitsje, wy binne emosjoneel: wy kommunisearje! Ik betink it dochs net allegear samar op? Safolle fantasy haw ik net iens.

 

Dat en mear fertelde ik ek yn de yntake mei dy professional, dokter Van Halen. Hy hat doe net echt trochfrege oer dy ûlen, mar woe foaral witte hokker trauma’s ik oprûn ha yn it ferliene. Hy woe witte wêr’t ik myn drugs kocht, oft ik myn wisky sels makke en hoe faak ik wol net mei mei de bernefytske op ‘e holle fallen wie. Strikfragen fansels en ik rekke hielendal yn ’e war. Gjin fragen oer de ûlen. Hy frege my al noch in ferhaal te fertellen. Dat die ik graach en sa waard ik wat rêstiger. Myn ferhaal gie oer dy kear dat de ûlen in wedstriid fan Sc Hearrenfean tsjin Ajax bywenne hie en hielendal oerémis thús kamen. De psychiater gie doe stantepede te riede mei in kollega en seach hiel, hiel soarchlik. Syn foarstel wie om my frijwillich op te nimmen yn Frentsjert, mar dat woe ik net. Ik wie dochs net gek! Miskien in bytsje yn ’e war, mar dat kaam troch him en wis net fan de ûlen.

 

Mar dizze kear haw ik myn freonen meinommen, dan kin dy senuwdokter sels empirysk mei myn bysûndere dieren prate.

‘Dat wegerje ik,’ seit Van Halen. ‘Ik bin dochs net gek! Ik ha in namme heech te hâlden. Boppedat, ik sjoch se ek net sitten.’

‘Mar wolle wý wol mei dizze nuvere man peteare?’ freget âlde omke ûle.

‘Och nee,’ seit de lytse op myn oare skouder. ‘Dogge wy net. Hy sit trouwens slim yn in ûntkenningsfaze. Der falt noch neat mei him te begjinnen.’

‘Is dat it?’ freegje ik. ‘Besteane de ûlen gewoan net?’

‘Kom ris.’ De dokter rint nei in grutte spegel oan ’e muorre. Ik sjoch nei mysels yn ’e spegel en der sitte yndied gjin ûlen op myn skouders. Mar dan sjoch ik yn ’e spegel de dokter achter my stean. De beide ûlen sitte no by him lofts en rjochts op it skouder. Gnizend knypeagje se my ta.

 

‘Wy ha noch hiel wat sesjes te gean,’ seit de dokter letter, mei de klam op wy.

‘Gean dan mar even hjir op ’e divan lizzen,’ sis ik, ‘en begjin mei ús te praten nei’t jo wiis binne.’

Jan.

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.