Woansdeitemoarn kaam de deakiste yn ’e wenkeamer te stean, goed te sjen yn in hoeke foar twa ruten oer. De grize mannen fan de útfeartferiening, âlde kunde út it doarp, setten it deksel efter de kiste rjocht oerein tsjin de muorre oan. Fan wêr’t er lei, oare kant de keamer, koe opi de rûchhouten kiste op twa skammels stean sjen. O sa graach woe er dat de famylje syn deakiste beskilderje en fersiere soe, en dan it leafst mei blommen. En dat net allinnich, hy soe it einresultaat noch graach bewûnderje wolle. Hie er net, tegearre mei syn njoggen jier âldere broer, mear as fyftich jier lang bollen kweke? In wike lyn hiene dy beide, op de bank efter it hûs mei útsjoch oer de no keale bollefjilden, nochris beneamd hoefolle en hokker bollen se yn dy fiif desennia wol net ferboud hienen: tulpen en daljes, anemoanen en maaieklokjes, peaskeblommen en leeljes, ljippeblommen en alliums. In hiel soad alliums, dêr stiene de twa broers yn it doarp ommers ferneamd om. Se hiene de heechste en de sterkste en de aldermoaiste: de Allium Mont Blanc en de Purple Sensation en benammen de Miami en Allium Schubertii...
Woansdeitemiddei kamen de trije pakesizzers út skoalle wei nei opi en omi om mei harren heit en mem de kiste mei blomkes en hertsjes te dekorearjen. Se mochten om beurten njonken opi sitte om de kiste de fersieren. Opi sels, yn syn rolstoel, skildere fansels de alliums, oan de foarkant by it hollenein. Koen, de âldste fan tsien, begûn oan it deksel. Hy wurke wat hastich en wie net sa sekuer. Bouke, de middelste fan acht, mocht ek oan de foarkant begjinne. Stadich en minusjeus, sa’t er alles docht. Oskar fan seis gie links ûnder oan it fuottenein mei fingerferve oan it wurk. Net folle letter mochten se ien foar ien efkes yn ’e kiste lizze en wat hie elkenien lake doe’t Bouke as in libbene mummy stadich oerein kaam mei de earmen rjocht en stiif foar him út.
Tongersdei gie it hurd minder mei opi, hy kaam it bêd net mear út. Heit en mem hiene jûns de blommen fierder ôfmakke en muoike Mieke bleau sliepen by Omi boppe. By de Keukenhof kocht heit lytse houten kleurige tulpen om, as it safier wie, de skroeven fan it deksel op te kreazjen. Freeds kaam de dokter foar de safolleste kear en nei lang beried krige opi morfine tsjin de pine en koe er sliepe. Sneins kaam Oskar by ús mei Lego boartsjen, wylst de beide âldste jonges mei omke Steven nei it Nemo yn Amsterdam wienen. Doe’t se wer thús ôflevere waarden, mei wiete sokken fan it bouwen fan dammen yn it wetter, fertelle heit en mem de jonges dat opi in pear oeren earder ferstoarn wie. Alle trije krigen de trije jongkeardels in dikke knoffel fan heit en mem en doe nochris fan pake en beppe. Koen wie dúdlik it measte derôf.
Op ’e dei fan de útfeart woe Oskar as ienige perfoarst meihelpe opi op te tillen en yn ’e kiste te lizzen. ‘Mem, wêrom hat opi de bril op as er de eagen ticht hat?’ De auto fan heit en mem hie in flachje oan it rút doe’t se efter de grize lykwein oanriden oer it moaiste stikje Nederlân by Vogelenzang nei Overveen, dêr’t it definitive ôfskied wie. Trije kertier lang taspraken fan bruorren en susters, dochter en ek fan mem, ôfwiksele mei swart-wite films út de tachtiger jierren, lietsjes en de wrâld oan foto’s fan opi en omi en de trije opisizzers. Koen en Oskar sieten de hiele tiid by heit op skoat. Bouke, dy’t sa lang by mem op skoat sitten hie, koe efkes by pake terjochte, doe’t mem har eigen ferhaaltsje die en gûlend ôfslute. It alderlêste ferske wie Mijn Opa, fan Annie M.G. Schmidt.
As ik my ferfeelde, gong ik altyd nei 'em ta. Hy betocht in spultsje en nea wie er te wurch. Fan 'e dyk ôfrôlje en ús opi wie de dyk. Detective boartsje en ús opi wie it lyk. Yn hiel Europa wie der net ien sa as hy.
En doe wie der lekker iten en doe moasten wy allegearre in rij foarmje en doe brochten de jonges en omi en heit en mem en muoike Mieke de kiste tusken de hantsjeklappende minsken troch nei de lykauto ta en holpen de trije feintsjes om de kiste de auto yn te dragen en doe rûnen de hiele húshâlding nei de útrit fan it parkearterrein en seagen sy de auto de hoeke om gean. Lokkich wie der hûndert meter fierder in Italiaanske gelateria en fan alle smaken iis wie dy mei sûkelade it alderlekkerst.
Lomme.
Reactie plaatsen
Reacties