Do bist in Sudoku-fan, ik wit it, mar besykje as betûfte skriuwer ek ris Frysk te skrebbeljen op de app Wurdian. Dat bestiet al in jier as seis, sân, mar is net lang lyn útwreide mei in nije opsje dy’t it spultsje der noch folle nijsgjirriger op makket. Dy ferzy hjit Duplikaat. Hoe’t it giet? Do en dyn tsjinstanner, dat soe ik dus wêze kinne, krije, lyk as by Scrabble, sân letters mar yn dit gefal krije wy allebeide deselde sân letters, al of net ynklusyf ien blanko tegeltsje. It giet der om mei dy letters middels ien wurd in sa’n heech mooglik puntetotaal te meitsjen. As wy allebeide in wurd dellein hawwe krijt dejinge mei de heechste wurdskoare de measte punten. Mar no komt it, it spultsje lit dan ek tagelyk sjen wat de alderheechst mooglike skoare west hat. En dat is o sa moai mar ek o sa frustrearjend, want ik kin noch sa lang en bot neitocht en prakkesearre hawwe oer alle mooglik alternativen, AI komt faak mei in noch bettere oplossing oandraven. By de folgjende omgong krije wy allebeide wer sân nije letters, dus der is gjin needsaak om definsyf te spyljen, it giet inkeld en allinne om alle kearen wer safolle mooglik punten te beheljen.
Ik spylje dit spultsje ûnder ferskillende pseudonimen op twa boerden, ien op myn mobyltsje en de oare op myn I-pad. Dat ik kin ek moai tsjin mysels spylje en dat is al hielendal frustrearjend. Ik win altyd, mar ik ferlies ek altyd. Dus hoe los ik dit op? De iene kear begjin ik op myn mobyltsje, by de folgende ronde op myn I-pad. By de earste kear dellizzen moat ik fan mysels binnen fiif minuten in sa’n heech mooglike skoare fine. As ik dan op myn I-pad oan bar bin moat ik yn alle gefallen mear punten sjen te beheljen, ek al doch ik der 24 oeren oer om in bettere oplossing te finen. Pas as dat nei ien dei en nacht net slagget mei ik fan hegerhân itselde wurd dellizze as myn oare ik. Sa daagje mysels út. Dat die ik eartiids ek wol mei Patience, witst wol, dat kaartspultsje út de foarige ieu. Dêr koe ik wolris mei knoeie , no ja wolris, tige faak omraak, mar as dikke santiger kin ik mysels sa’n puberaal gedrach fansels net mear tastean. Lykwols slagget my dit op swakke mominten út en troch in inkele kear net, omdat ik it dan sa sneu fyn foar de ûnderlizzende, ferliezende partij. Ik hâld nammentlik ek fan myn oare ik. Ik wit it, wy beide binne te goed foar dizze ierde.
Dus ik soe sizze, downloade dat appke, it spultsje is op it lêst fergees, dus de kosten meie gjin handicap wêze, sykje in gaadlik pseudonym om lekker anonym te bliuwen, en, ast safier bist, freegje nei myn spilersnammen en kinst oan de slach mei ien fan ús beiden. Dan wol ik op myn beurt wolris tsjin dy sudokaearje. Kinne wy wer gemoedlik mei inoar boartsje, lykas eartiids as LommeJan foar op ’e leane.
Lomme.
Reactie plaatsen
Reacties