Te machtich.

Gepubliceerd op 2 augustus 2026 om 21:49

Machtich spul dat Wurdian! Dat wol sizze: it is my hast te machtich.

Hast it ek net goed útlein. Ik tocht dat wy elk in boerd hienen en om bar dêr in wurd op setten mar elts wurd is in striid, in deastriid eins. Dat makket it wol heftich, jongkeardel!. Ik brûkte gewoane, banale wurden om earst mar ris überhaupt te spyljen, om it gewoanwei te learen. Of, om my wat Frysker út te drukken, mynhear de betterwitter: om dit spultsje earst mar ris stadich yn ’e bouten en foar ’t ferstân te krijen woe ik der earst in bytsje noflik mei op slach komme. Dat ik tocht, lit him mar winne, krekt as mei it fuotbaljen op de Altenaleane eartiids. Myn tiid komt noch wol, lykas al altiten. Mar do spilest net earlik! Do kaamst mei it wurd ‘Healders’. Wêr hellest dat yn ’e goedichheid wei? Hast dêr spesifike wurdboeken foar yn ’e  hûs helle? Of sitst de hiele tiid mei dy letterbetters fan ENSAFIERFUORTHINNE-klubke yn tuskentiids konklaaf, of sitst miskien de godgânsklike dei oan de mail mei dy jonge fan Van der Meulen fan de Keninginne Wilhelminawei. In strjitte deunby ús leane, dy jonge dy’t earder de Fryske Sudoku makke. Hoe kin it dat Wurdian sokke swiere en hege wurden yn de list hat? Dit is gjin Artifisjele Yntelliginsje mear, dit is Absurde Ynbylding, Achteleaze Yndiskreesje,  Anarchistyske Ynflaasje, Aldgermaanske Ynkapabelens, Agressive Ynkompetinsje, Alderfûlste Ynkwisysje en Akelige Yntsjonkerij!!!  Hast wis in lyntsje mei dy hiele betûfte Fryske heechlearaar dêr yn Sweden, de man dy’t efter Wurdian sit. Sa’n wurd as ‘Felsten’, ek sa wat. Wist sels net iens wat dat wurd betsjut!

 

No ja, goed. Healwei de jûn juster wie ik aardich oerémus en pandere de keamer út. ‘Wat silsto,’ frege de frou. ‘Myn Frysk wurdboek út de kaanferballen helje en myn brilleglêzen skjinner meitsje, want dy binne beslein fan de argewaasje.’

‘Wat dan?’

‘Myn broerke stiet al 300 punten foar!’

‘Wêrmei?’

Grimmitich as ik bin koe ik neat mear útlizze en bromme allinne mar eat oer  ‘Prutswurdian’.

It ‘wurde’ en waard neat mear fansels. Ien wurd ha ik wûn, inkeld mar ien wurd, mar dêrby sil hy my genedich west hawwe.

Dat wie in flokwurd. Ik tink dat it by ien spultsje bliuwe sil. Wat in ferromming sil dat jaan om wer mei myn skilderswurk oan de slach te gean.

Jan.

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.