Do hiest my frege om tegearre dit kompjûterspultsje te spyljen op ús snoadfoan. Gaadlik yn eigen tiid en op eigen plak om bar in set dwaan troch in oarspronklik Frysk wurd of in taalkundich akseptearre ôfkoarting yn te foljen of ta te heakjen. Earst siet ik der tsjinoan te hikken, mar no begjin ik myn draai aardich te finen. Op it lytse spylfjild fan dizze digitale scrabble kin ik sa moai wat kreativiteit kwyt.
Wat ik dus nea witten ha is dat sa’n ienfâldich, mar kreas en kleurich foarmjûn spultsje, krekt safolle docht mei myn taaldrift as, ik neam mar wat: truffles, salm, knyflok, figen, prommen, gember, huning en Ingelske drop mei de geslachtsdrift fan oerspande yuppies, fertutearze boomers en hyperboale sportskoalstudinten. Wurdian blykt echt hielendal geweldich, want ik ha it gefoel dat it my o sa opskerpet. Ja wis! Earst tocht ik om sa no en dan samar, dus wat sleau, it earste it bêste wurd earne oan of tusken te kwakken. Mar doe kaamsto mei dy ferrekte ôfkoartingen en mei mar in pear letters (ʽcc, ʽktvs’, ʽwww’, ʽpy, ʽuzi’, ʽces’ ensafierder en ensafuorthinne op in twa- of trijefâldich letterskoarefakje) stiest sa binnen de koartste kearen hûndert punten foar op my. Dat skerpe my flink op. Wat blinder? Ik begûn my mear en mear op te winen en waard hieltyd grimmitiger. Net dat it my folle fierder brocht. No ja, ik kom miskien wat tichter by, mar stean op dit stuit yn potsjes noch wol moai mei 2-8 achter. Wêr’t om giet is dat ik my skerper fiel, fleuriger en moediger, mear út ’e rifels, wat sei, mear oerallich, mear yn ’e hastige hei, ik bin gleoner en folle aktiver. Oare kant fan de medalje is dat ik my alle kearen ergerje oan dat ynkringend piipjen fan de telefoan dat oankundiget datsto al wer in set dien hast. Dan moat ik yn ’e goedichheid en yn alle hasten wer wat betinke en ik ha noch safolle oare dingen te dwaan. Want witst, troch al dit lettersetten fiel ik in bloeiende bekrûping om in nije Ale Alema fan ’e Bontebok oan te setten.
Sjoch dat docht dy taaldrift mei my. Foarút mei de geit!
Jan.
Reactie plaatsen
Reacties